Alvestêdekrúske mei nei Londen: in bytsje Fryslân by de kroaning fan Charles

Kening Willem-Alexander, mei uterst rjochts syn Alvestêdekrúske © ANP
Kening Charles is sneon offisjeel kroane yn Westminster Abbey yn Londen. Der wiene sa'n 2.300 gasten yn de tsjerke, kening Willem-Alexander wie ien fan har. En hy hie in lyts stikje Fryslân by him: syn Alvestêdekrúske.
Us keninklik pear wie by de offisjele resepsje, mei prinses Amalia en prinses Beatrix. Sa'n hûndert steatshaden wiene nei Londen ôfreizge, lykas fertsjintwurdigers út 203 lannen.
De Britske monarch krige de Ryksapel en skepters en dêrnei waard de kroan fan St. Edward op 'e holle fan Charles set. Ek de klean dy't er oanhie, wiene histoaryske stikken fan syn foargongers. Mar hy wie net de iennige kening dy't oer syn outfit neitocht hie.

It krúske op reis nei Londen

Kening Willem-Alexander hie nammentlik in bysûndere medalje mei, uterst links op de dekoraasjegasp: syn Alvestêdekrúske.
Detail fan de dekoraasje, mei rjochts it krúske © ANP
It krúske is yn desimber 2012 offisjeel erkend as in Nederlânske ûnderskieding, op fersyk fan kommissaris fan de Keningin John Jorritsma.

Offisjele ûnderskieding

It kabinet besleat it fersyk te honorearjen nei in posityf advys fan de Kanselarij der Nederlandse Orden. It jier dêrop krige it krúske in spesjaal lintsje mei wite en blauwe banen.
'W.A. van Buren' mei syn liifwachten yn de Alvestêdetocht © ANP
Willem-Alexander, doe noch prins, die yn 1986 mei oan de Alvestêdetocht. Hy wie noch mar 18 jier âld, droech in Marlboro-jack en in Playboy-broek en ried mei ûnder de skûlnamme W.A. van Buren.
De redens wêrmei't er de tocht ried binne hjoed-de-dei te sjen yn it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen. Mar it krúske, dat hold er sels.
It krúske yn 2013 (twadde fan rjochts) © ANP
It Alvestêdekrúske wie ek yn 2013 te sjen doe't Willem-Alexander sels ynhuldige waard yn De Nieuwe Kerk. Foarsitter Wiebe Wieling fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden hie dêr yn 't foar al in bytsje op oantrune.
En no wie it krúske der dus wer by, doe't it 'God save the King' klonk en de 74-jierrige Charles ek seremonieel kening waard.
De Britske kollega fan Willem-Alexander © ANP