V.V. Ouwe Syl wol nije klupgebouwen en jout dêrom in djoere sportwein fuort

De djoere sportwein © V.V. Ouwe Syl
V.V. Ouwe Syl hat in opmerklike aksje betocht om de klupgebouwen oan te pakken. Mei in sponsoraksje kinne dielnimmers in gloednije sportwein winne dy't oars hast 60.000 euro kostet.
It is net de earste kear dat de fuotbalklup fan Aldebiltsyl mei in eigensinnige stunt komt. Yn 2017 kamen sy yn it nijs troch in huzelotterij te hâlden, om sa in keunsgersfjild byinoar te krijen.
"It wie alwer seis jier lyn, dus wy tochten: der moat wer ris wat barre", seit Anne Polstra fan de klup. "Wy wolle graach in nije kantine, klaaikeamers en in bestjoerskeamer. Dat is allegearre oan ferfanging ta, dus dêr giet de opbringst hinne."
Fuotballers fan V.V. Ouwe Syl yn aksje © Orange Pictures
Dêrfoar is in sponsorpakket gearstald, fertelt er. "Dy binne 9,78 euro it stik. Dêrfoar krije je as sponsor in nammefermelding op ús webside en op in sponsorboerd neist it fjild. En je krije der fergees in dielname oan it kânsspul by, dan makkest kâns op prachtige prizen."
In soarte lotterij dus, al meie je it sa offisjeel net neame. "It is in promosjoniel kânsspul. Dat is yn de regeljouwing krekt wer wat oars as in lotterij."

Mear as in ton ophelje

V.V. Ouwe Syl hat in dúdlik doel foar eagen. As it in bytsje kin, wolle wy mear as in ton ophelje", seit Polstra. Neffens him rint it al goed. "Wy binne de earste 2.500 sponsorpakketten al kwyt. Dat giet sa moai as wat."

Foar de klup

En de haadpriis is dus in Audi A5 Sportback, mei mooglik makke troch in autodealer út de omkriten. "It is in skitterjende auto, dêr't wol in soad leafhawwers foar binne." Mar úteinlik moat it dêr net om draaie. "Je dogge it ek om de klup te stypjen. In tientsje docht net bot sear." Op 31 july fynt de trekking plak.