Ofslútdyk hat yn beide rjochtingen in skoftke ticht west troch steuring

It ferkear op de Ofslútdyk stiet stil © CAMJO media
Troch in steuring oan de brêge oer de Stevinslûzen is de Ofslútdyk sneontemiddei yn beide rjochtingen in skoft ticht west. Om 16.45 oere makke ANWB Verkeersinformatie melding dat de A7 by Den Oever wer frij wie.
Der wie in monteur ûnderweis dy't de steuring ferhelpe moat, liet Rykswettersteat al witte. Ferkear fan en nei Fryslân waard fia de A6 omlaat troch Flevolân.