VC Snits wol mei sukses it follybal yn de regio yn de 'spotlight' sette

De follybalfroulju fan VC Snits 1 belibje in topseizoen. Se stean der goed foar yn de finale en kinne moarn de lânstitel pakke. Neffens foarsitter Han Mulder strielet dit sukses troch op de hiele klup. "Dit is foar de hiele klup in fantastyske prestaasje."
Nei trije spile wedstriden is de stân op dit stuit 2-1 yn it foardiel fan de froulju fan VC Snits. De lêste kear dat de froulju fan Snits kampioen waarden wie yn 2016. Dat is dus al efkes lyn, mar troch dit sukses hopet de klup wer definityf by de top oan te heakjen.
Enoarme boost foar de klup
De klup út Snits hat it doel om it follybal mear ûnder de oandacht te bringen yn Fryslân. Dat is ek de fyzje fan de klup fertelt Mulder. "We willen meer voor de regio betekenen. Dat lukt op dit moment dan ook aardig door de dames."
It sukses fan de froulju betsjut dan ek in soad as it giet om it wier meitsjen fan dizze fyzje. "Dat helpt heel erg. Afgelopen zaterdag [29 april] hadden we de maximumcapaciteit bereikt van 1500 man dus het was volle bak. We moesten zelfs 50 man voor een dichte deur laten staan." Earder kamen der gemiddeld 500 man op de wedstriden ôf.
Moaie takomst
Dit sukses biedt ek in soad perspektyf foar de takomst. Net allinnich foar it frouljusfollybal, mar foar de hiele klup. "We hebben nog nooit zo snel een hele goede trainer kunnen contracteren en de selectie rond kunnen hebben zo ver voor het nieuwe seizoen. Eind april hadden we het al rond, terwijl we vorig jaar nog in augustus daarmee liepen te stoeien," seit Mulder.

Net allinnich de seleksje fan de froulju is al betiid rûn, ek soarget dizze oandacht derfoar dat der mear jongeren follybalje wolle. "De talententeams hebben we al goed op orde. Verder gaan we met regioclubs veel intensiever samenwerken om het volleybal meer aandacht te geven en weer meer op de kaart te zetten," seit de foarsitter.
Mulder hopet dat troch dit sukses in soad famkes ynspirearre rekke om follybal ris te besykjen. "We hopen dat de jeugd meer gaat sporten en als ze dan toch sporten, het liefst volleybal."
Europeesk follybal noch net wis as se kampioen wurde
By in mooglik kampioenskip kin VC Snits Europa yn, mar dat dat ek echt bard is noch gjin útmakke saak. "Er is een mogelijkheid dat we volgend seizoen ook internationale wedstrijden gaan spelen. Die lijnen hebben we uitgezet, maar dat ga ik pas goed bekijken als we echt landskampioen zijn," seit de foarsitter.
Ik vind de sport in de regio belangrijker dan een wedstrijd ergens in Europa.
Foar de froulju is Europeesk spyljen in prachtige ûnderfining. Dat wol de klup dan ek graach mooglik besykje te meitsjen, mar dan moat it finansjele plaatsje wol klopje, seit Mulder. "We proberen zo hoog mogelijk volleybal te spelen, als het financieel haalbaar is. Op dit moment zijn we een van de gezondste clubs in de Eredivisie, maar dat willen we graag zo houden."
As it dus tefolle jild kostje sil, dan sil it Europeeske mearke net trochgean. "Ik vind de sport in de regio belangrijker dan een wedstrijd ergens in Europa. De nieuwe trainer en de speelsters begrijpen ook dat de rest van de club ook mee moet groeien voordat dit mogelijk wordt," seit Mulder.
Spylsters wolle nei VC Sneek
Wannear't je sukses ha, steane je folop yn de oandacht. Sa wolle der hieltyd mear minsken by VC Snits komme te follybaljen. Dat is neffens Mulder in hiel moaie ûntwikkeling. "Andere eredivisieteams zien dat Sneek het goed doet. We hebben nog nooit zo'n ruime selectie gehad en er melden zich continu mensen bij ons aan. Want als je op hoog niveau wil volleyballen, moet je gewoon in Sneek zijn."