Flinke liedingbrek by Dronryp reparearre: rioelgemalen steane wer oan

Wetter op in stik greidelân © ANP
Wetterskip Fryslân makket melding fan in liedingbrek besuden it Van Harinxmakanaal by Dronryp. Troch de brek kaam rioelwetter yn in feart telâne. Pas yn de jûntiid wie it probleem oplost.
It gie om in brek yn in parslieding. Dy soargje derfoar dat ôffalwetter nei rioelwettersuveringsynstallaasjes brocht wurdt. De brek ûntstie neffens Wetterskip Fryslân troch in natuerlike oarsaak: spanning yn de ûndergrûn. Wetterskip Fryslân hat in oannimmer oan it wurk set om de brek te reparearjen.
De feart dêr't rioelwetter yn kaam is, wurdt sa gau as mooglik leechpompt. It wetter wurdt trochspield mei skjin wetter út it Van Harinxmakanaal.

Gemalen útskeakele

Gemeente Waadhoeke hie alle rioelgemalen yn de omkriten fan Dronryp útskeakele om foar te kommen dat der mear rioelwetter yn it oerflaktewetter bedarre. It rioelwetter fan it rioelgemaal by Dronryp en Menaam waard mei tankweinen nei de suvering brocht.
"Als inwoner van het gebied kunt u nog gewoon gebruik maken van uw toilet", liet gemeente Waadhoeke witte. "Alleen spoelt het water bij het doorspoelen soms wat moeilijker weg."