Soad belangstelling foar Wapendropping Kuierbeleeftocht yn De Deelen

© ProNews Producties
By Aldeboarn wurdt sneon in wapendropping út de Twadde Wrâldoarloch neispile. Nei't it evenemint de ôfrûne trije jier net trochgean koe, rûnen der no 4.000 dielnimmers de 'kuier-beleeftocht'.
Der waarden 15 sênen neispile troch akteurs yn kostúms. Omdat de rinners fansels net allegear tagelyk by in sêne delkomme moatte de sênen hieltyd op 'e nij spile wurde.
Sa wurdt in akteur dy't in boer spilet tsientallen kearen 'slein'. Sels fynt er dat net slim: "It is moai om minsken kenber te meitsjen mei hoe't it hjir gien is." Syn toanieldochter neamt de sêne 'heftich.' "It is lestich om je foar te stellen dat it hjir sa raar gie", fertelt toanielspylster Doutsen van der Veer.
It ferhaal fan de tocht is basearre op it boek Wapens in De Deelen fan Hessel Bouma. Dat giet oer de 18 konteners mei wapens foar it ferset dy't yn de nacht fan 5 op 6 jannewaris 1945 dropt binne tusken De Tynje en Aldeboarn.
Soad belangstelling foar neispile wapendropping yn De Deelen
Dútsers giene oanslutend mei help fan lânwachters en NSB'ers fanatyk op jacht nei de wapens en de fersetslju dy't de wapens ûntfongen.

Parasjutisten

Letter op de dei kamen parasjutisten del by tsiisbuorkerij De Deelen. Dielnimmers koene kieze tusken in lange tocht fan 20 kilometer, in middeltocht fan 12 kilometer of in lytse tocht fan 5 kilometer.
Oft soks fluch wer barre sil is noch mar de fraach, nettsjinsteande de grutte belangstelling fan it publyk beklammet de organisaasje mei dit evenemint wol trije oant fjouwer jier dwaande west te wêzen.
Hessel Bouma mei it boek © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Foarsitter Hessel Bouma (82) fan de organisaasje is foaral bliid dat it lang om let slagge is en ek dat de kuierders sa goed te sprekken binne oer de kuier-beleeftocht.
It doel fan it evenemint is grif net de kuiertocht sels, sa seit Bouma. "In oarloch hat allinnich ferliezers. Dy spanning dy't de minsken doe fielden - en dy't ik as lyts jonkje fielde - moatte we hjir net wer ha. Jou dat troch oan jimme bern en pakesizzers."