Fuotbalklups eilannen sjogge besikers regelmjittich ôfsizzen: "Bart by ús wol hiel faak"

It is in probleem dêr't alle fuotbalklups op de Waadeilannen tsjinoan rinne: in tsjinstanner dy't op it lêste momint mei in ferlechje ôfseit. It oerkomt bygelyks de Vlielandse Sportvereniging '31 meardere kearen yn it seizoen, wêrtroch se folle minder wedstriden spylje.
"Fia Whatsapp hawwe wy dit seizoen seker 6 of 7 ôfmeldingen krigen. It wurdt ek noch wolris telefoanysk dien dus ik tink dat 10 wedstriden fan de 22 dit seizoen ûngefear ôfsein binne", sa fertelt foarsitter Cees Visser.
De klups dy't ôfsizze, sizze der faak net by dat it is om de ôfstân dy't sy ôflizze moatte nei it eilân. Troch de boattocht hinne en werom binne de teams faak in dei kwyt. Meastentiids jouwe de ploegen in redenen op as blessueres of sykte om ôf te sizzen.
"Der sil somtiden wol in kearn fan wierheid ynsitte mar it gebeurt by us wol hiel faak. Je moatte as útploech fansels in stik as fjirtjin, fyftjin spilers fine dy't de hiele dei op paad wolle."
Dreech oplossingen te betinken
It kampioenskip sil de ploech hjirtroch net misrinne, de nûmer ien is foar de klup lang net mear yn te heljen. Mar in earlike kompetysje is oars, fynt de ploech op Flylân. Dêrom rôpen sy op Facebook de KNVB op der wat oan te dwaan.
De KNVB hat yntusken kontakt opnommen. "Dy joegen oan dat sy hiel bliid binne dat hjir ris oandacht foar komt. De man oan de telefoan sei ek dat hy der al 27 jier sit en net oars wit dan dat it sa giet op de eilannen."
In oplossing betinke foar it probleem is lykwols dreech. "De bûn biedt wol in sân tsjin sân kompetysje oan op de freedtejûn mar dan kinne wy net werom nei it eilân ta komme."