Liveblog | 7 maaie

Basketballers Aris nei heale finale play-offs | Froulju sc Hearrenfean ferlieze

Yn dit blog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân. Mei hjoed ûnder oare:

  • It partoer fan Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar wint yn Frjentsjer;
  • Darter Danny Noppert hat yn de tredde ronde fan it Belgian Darts Open ferlern;
  • De basketballers fan Aris út Ljouwert ha, troch in oerwinning fan 101-82 op Landstede, de heale finales behelle;
  • De froulju fan sc Hearrenfean ferlieze mei 0-2 fan PSV;
  • Friso Snits hat yn Utrecht tsjin VV Utrecht mei 3-2 ferlern.
Lêst bywurke: 7 maaie, 23:16
snein 7 maaie
23:16

Nyck de Vries makket gjin yndruk yn Miami

Troch in minne start op it sirkwy fan Miami kaam Nyck de Vries sneintejûn net yn it stik foar by de Grand Prix fan Miami. Nei in kleurleaze en iensume race einige hy as achttjinde.
18:12

Friso Snits noch gjin lânskampioen

De follybalsters fan Friso Snits en VV Utrecht moatte takom wike nochris de striid mei elkoar oangean. Yn it fjirde finaleduel, yn Utrecht, wûn de thúsploech nammentlik mei 3-2 (25-19, 25-22, 24-26, 23-25 en 15-12). Snits knokte him prachtich werom yn 'e wedstriid nei 2-2, mar dat wie krekt net genôch foar de Nederlânske titel.
17:15

Menno van Zwieten is kening fan Frjentsjer

It partoer fan Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar is winner wurden fan de earste frije formaasjepartij fan dit seizoen. Yn Frjentsjer wiene sy mei 5-4 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Van Zwieten waard ek útroppen ta kening.
De tredde priis wie sneintemiddei foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.
16:46

Rick Minnesma keatst foar syn broer Mark op de IC

Keatser Rick Minnesma ferlear sneintemiddei, tegearre mei syn maten Peter van Zuiden en Gerben de Boer, yn de earste omloop mei 5-2 en 6-2 fan it partoer fan Marten Bergsma. It ferlies makke Minnesma net in soad út. "Mijn broer is door het oog van de naald gekropen als het ware."
16:24

Froulju sc Hearrenfean ferlieze lêste duel yn 'e earedivyzje

De froulju fan sc Hearrenfean ha it lêste duel yn de earedivyzje sneintemiddei ferlern. Yn de thúswedstriid tsjin PSV waard it 0-2 troch doelpunten fan Worm en Brugts. Hearrenfean slút it seizoen dêrtroch ôf op it achtste plak.
De titel yn de earedivyzje gie snein nei Ajax en dus ek nei spits Tiny Hoekstra fan Rinsumageast en Sherida Spitse fan Snits. De Amsterdammers wûnen mei mar leafst 1-6 op besite by PEC Zwolle. Hoekstra makke de 0-4 en de 0-5.
Troch de oerwinning fan Ajax grypt FC Twente, mei Fenna Kalma fan Haskerhoarne yn de spits, neist de titel. Twente wûn snein wol, mei 2-1. Kalma makke ien fan de goals en is mei 30 doelpunten topskoarder wurden fan de earedivyzje.
16:17

Basketballers Aris nei heale finale

De basketballers fan Aris út Ljouwert binne troch nei de heale finale fan de nasjonale play-offs. Yn in beslissend duel waard Landstede út Zwolle mei 101-82 ferslein.
Benammen yn de earste perioade (32-22) en de fjirde perioade (26-19) makken de Ljouwerters it ferskil. Grutte man by Aris wie Kristinn Palsson, dy't mar leafst 30 punten makke. Keevan Veinot skoarde 19 punten.
Yn de heale finale is ZZ Leiden de tsjinstanner foar Aris.
© Orange Pictures