Aris hat nettsjinsteande ferlies it blik foarút: "Zuur zijn heeft geen zin"

Vincent van Sliedregt yn de wedstryd tsjin Landstede © Orange Pictures
Aris Ljouwert koe freedtejûn in plak yn de heale finale fan de nasjonale play-offs bemachtigje, mar fersomme it ôf te meitsjen. Coach Vincent van Sliedregt seach syn ploech lang foarstean, mar ferlear úteinlik mei 76-80.
Aris Ljouwert wie it grutste part fan de wedstriid de bettere ploech, mar yn de lêste omgong liet de klup út Ljouwert it lizze troch de foarsprong net te oerbrêgjen. Se fergeaten it ôf te meitsjen, wêrtroch't Landstede werom yn de wedstriid komme koe en sels noch winne koe.
Coach fan Sliedregt baalt fan it lykspul, mar sprekt net fan in net terjochte ferlies. Wat sjoen it ferlies opmerklik is. "Zwolle is een hele goede ploeg. Het zat heel dicht op elkaar en het wordt dan in de details beslist. Tuurlijk wil je altijd winnen, maar het is een serie dus nu moeten we weer terug naar Zwolle."
Wol befêstiget hy dat syn ploech it foaral yn de lêste omgong lizze litten hat. "Dit keer deden zij het in de eindfase wat beter, tuurlijk wil je het thuis afmaken, maar dat is niet gelukt. Zuur zijn heeft geen zin, want overmorgen hebben we weer een kans om het af te maken."

Snein moat better

Spiler Reinder Brandsma hat der dochs wat mear muoite mei om de nederlaach te relativearjen. "We woene it graach thús ôfmeitsje. Je steane hast de hiele wedstriid foar en as je it dan yn it lêste kwart fan de wedstriid weijouwe is hiel skande."
Hy is foaral tige pissich om syn eigen spul freed. "Ik ha sels gjin bêste pot spile, dus dan fielst dat it diels oan dysels leit. Dat moat ik snein better dwaan."

Op it lêste stuit de foarsprong weijaan

Beide binne se behoarlik dúdlik oer wêr't it misgien is yn de wedstriid. Brandsma fertelde dat it ôfwurkjen nochal in ding wie yn de einfaze fan de wedstriid. "We krije de bal der net mear yn. We kreëarje net mear de skotten sa't dat dêrfoar wol de hiele tiid slagge. Zwolle hat in betûfte ploech en dy snobbe stadichoan ús foarsprong fuort."
Coach van Sliedregt seach syn eigen spilers flaters meitsjen oan de ein fan de wedstriid. "Een paar van onze jongens gingen proberen om moeilijke afstandsschoten te maken. Aan het einde van de wedstrijd was er tactisch gezien nog weinig voordeel te behalen, het spel werd heel erg fysiek," seit Van Sliedregt.
Aris tsjin Landstede Hammers út Zwolle © Orange Pictures
De tsjinstanner fertsjinne lykwols wol lof neffens Van Sliedregt om hoe't se werom kamen yn de wedstriid. "Ze hebben dan een paar jongens die op gaan staan en zwaarbevochten ballen raak gooien, die bij ons net mis gingen. Het is knap dat zij die ballen dan wel raak gooien."

28 persint fan de kânsen gie der mar yn

Aris Ljouwert hold de tsjinstanner dit kear better fan skoaren. Ofrûne woansdei yn de earste wedstriid kaam Landstede ta 98 punten dat in stik mear is as de 80 punten dy't justerjûn skoard binne. Oan de ferdigening lei it net. Neffens him skoarde Aris Ljouwert te min trijepunters. Ut skoarden se hjiryn in hiel heech persintaazje, mar yn dizze wedstriid lei dat persintaazje mar op 28 prosint.
Neffens Brandsma is dit wol te ferklearjen. "It wiene de lêste minuten fan in belangrike play-off wedstriid. De spanning sit der aardich op. Dan hat Zwolle dochs wat mear bedreaune spilers dy't dat faker meimakke hawwe. By ús misse we dat in bytsje."

De allesbeslissende play-off wedstriid snein

It belooft snein in spannende wedstriid te wurden, wêryn't beide ploegen noch likefolle kâns meitsje om troch te gean. De 34-jierrige Van Sliedregt skat syn eigen ploech net heger yn as de tsjinstanner. "Zoals je ziet zijn deze teams aan elkaar gewaagd, dus het kan alle kanten op zondag."
Brandsma hat der dochs wol wat mear fertrouwen yn dat Aris Ljouwert trochgean sil. "Zwolle is in goeie ploech, mar we ha no twa wedstriden hast de hiele tiid foar stien. Dus ik gean der fanút, mits we folle bak geane, dat we dêr winne sille snein."