Gefoeter oer oerbelêste server dy’t kaartferkeap PC hindere, mar de problemen binne oer

Belangstellenden dy't der as earste by wiene, slagge it net om in kaartsje te keapjen © ANP
It hat hiel wat foeterjen koste sneon, mar de problemen mei de PC Frjentsjer binne oer: der kinne no kaarten besteld wurde foar de PC op 2 augustus. De webside hie te lijen dan in oerbelêste server.
Sneontemoarn, 10.00 oere sieten tal tan minsken klear foar de kaartferkeap. Mar fuortendaalks hie de webside te lijen fan problemen. Troch de drokte rekke de server oerbelêst en dêrtroch fleach de webside lei der út. Nei in kertier wie de webside wol wer berikber, mar it wie noch altyd hiel dreech om kaarten te bestellen.
Op Facebook streamden de berjochten binnen fan minsken dy't oeren besochten om kaarten te keapjen, mar hieltyd in 'error' krigen.
© Omrop Fryslân
Der binne dan ek in soad lilke reaksjes te lêzen. "Hij werkt helemaal niet, heb ik eindelijk plaatsen gereserveerd, kan ik niet betalen, alles blijft hangen" en "Kan er nog niet in, kaarten al in de winkelwagen en dan wordt je er weer uitgegooid. Ben nu bijna 2 uur bezig om 2 kaarten te bestellen en heb nog niks. Zeer frustrerend dit."

"Hiel frustrearjend"

Neffens ponghâlder Jan Bosgra fan de PC hawwe de ICT-man en oaren oeren oan 'e gong west om in goed wurkjende side te krijen. "It is hiel frustrearjend. Oare jierren wiene der ek problemen en dêrom ha wy ynvestearre yn in nije site mei in nij systeem. En no giet it wer mis."

Kaarten Keatsmuseum útferkocht

Minsken dy't gjin kompjûter of ynternetbankieren ha, koene moarns ek nei it Keatsmuseum yn Frjentsjer om dêr printe kaarten te keapjen. Der wiene tachtich kaarten beskikber omdat de ûnderfining út oare jierren learde dat dat it oantal is dat op dy wize kocht wurdt.
Mar omdat de online ferkeap net wurke, kamen der no folle mear minsken nei it Keatsmuseum ta. De tachtich kaarten wiene dan ek binnen in oere ûtferkocht.
Om 13.30 oere hinne wiene de problemen oplost. Eltsenien dy't it earder besocht hat, mar gjin kaarten bestelle koe, kin it op 'e nij besykje.