FryslânDOK 'Tusken goed en kwea': "Berucht fjouwertal by soad misdieden yn Fryslân belutsen"

Gerard van der Veer by de 'Muur van Mussert' yn Lunteren © Gerko Jonker
Yn diel twa fan de FryslânDOK-searje 'Tusken goed en kwea' siket dokumintêremakker Gerard van der Veer fierder nei de griistinten fan 'e oarloch. Nei de molkstaking fan 1943 waard de Dútske besetter grimmitiger. It ferset groeide, mar de represailles en terreur ek. FryslânDOK is dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
FryslânDOK 'Tusken goed en kwea' (diel 2) (diel 1 is ferline wike útstjoerd)
Sneon 6 maaie NPO2 13.12 oere (werhelling snein 13.18 oere)
Snein 7 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele
Wêrom gie de heit fan Anneke Brouwers by de NSB (Nationaal-Socialistische Beweging)? Hoe grut wie dy oanhing yn Fryslân? En wat dreau 'it beruchte fjouwertal' Zacharias Sleijfer, Lucas Bunt, Franzoos Lammers en Jan Meekhof om wreed jacht te meitsjen op ûnskuldige minsken?
Dokumintêremakker Gerard van der Veer besiket in antwurd te finen op sokke fragen yn syn filmyske reis troch de Fryske oarlochsskiednis.
Lucas Bunt, Zacharias Sleijfer, Franzoos Lammers en Jan Meekhof © Gerko Jonker
Ien fan de gewelddiedichste represailles yn de Fryske oarlochsjierren wie de fusillade by Dokkum. Dêrby waarden op 22 jannewaris 1945 troch de Dútsers 20 manlju delsketten.
"De liken moasten der 24 oeren lizze bliuwe om minsken ôf te skrikken, pas dêrnei mochten se kiste wurde. It hat in geweldige impact hân yn Noardeast-Fryslân", neffens Jouke Dantuma. Mei Hilmer Dantuma hat er in fassinaasje foar Friezen dy't útsprutsen fout wienen yn de oarloch.
By it fjoerpeloton sieten twa Dútsers, twa Nederlanners en de rest wienen Belgen. "Apart hè, dat in Nederlanner op syn eigen lângenoat sjitte kin", seit Hilmer Dantuma.

Berucht fjouwertal

Yn dat fjoerpeloton siet Jan Meekhof, in fanatike NSB'er en ien fan it 'beruchte fjouwertal', de grutste kollaborateurs fan Fryslân dy't karriêre makken by de NSB. Neist him wienen dat Lucas Bunt, Zacharias Sleijfer en Franzoos Lammers. Hilmer Dantuma: "Se wienen op elkoar ynspile en wienen by in soad misdieden yn Fryslân belutsen."
Meekhof kaam út Ruinen en learde by de Sicherheitsdienst (SD) marteljen en moardzjen. "Hy waard in lytse Mussert neamd", seit Jouke Dantuma. De Ljouwerter Sleijfer syn bynamme wie 'de ploert zonder hersens'. Hy wie berucht om syn sadistyske ferhoar- en martelmetoaden. Hilmer Dantuma: "It marteljen joech him in gefoel fan macht."
Bunt, ek út Ljouwert, waard 'de skrik fan Fryslân' neamd. Hy pakte rûnom jonges en manlju op foar twangarbeid yn Dútslân. En Boalserter Lammers wie lid fan de SS en siet yn de top fan de Fryske SD.
'Muur van Mussert' yn Lunteren © Gerko Jonker
Dokumintêremakker Gerard van der Veer besiket de 'Muur van Mussert' yn Lunteren. Dêr boude de NSB in grut iepenloftkompleks foar grutskalige partijbyienkomsten. Anton Mussert wie lieder fan de NSB yn Nederlân. Hy spruts dêr syn folgelingen ta en droech it nasjonaalsosjalisme út.
Histoarikus Robin te Slaa skriuwt in trijedielich standertwurk oer de NSB. "De NSB beloofde een alternatief", seit er oer it sukses fan dy partij.
De demokrasy funksjonearre muoisum, sa dienen oan de ferkiezingen fan 1933 mar leafst 54 partijen mei. "Er was een behoorlijke versplintering in het parlement en er was een economische crisis die vele mensen raakte."

Politike ierdferskowing

By de ferkiezingen fan 1935 boekte de NSB in sukses: se hellen hast 8 persint fan de stimmen. Sa'n politike ierdferskowing wie net earder fertoand.
Yn Fryslân waard aardich sympatisearre mei de Dútsers, mar yn werklikheid wie de oanhing lyts.
Robin te Slaa: "In Friesland heeft de NSB het nooit goed gedaan en daar heeft Mussert eigenlijk zelf aan bijgedragen. Na een teleurstellende uitslag van de Provinciale Statenverkiezingen in 1935, zei hij in de pers dat de 'Friezen zielloos zijn door de invloed van het marxisme'. Hij heeft het over lokaal patriottisme dat eigenlijk tot niets in staat is."
Gerard van der Veer mei histoarikus Robin te Slaa (rjochts) © Gerko Jonker
Jelle Brouwers út Ousterhaule waard lid fan de NSB. Hy wie haad fan de legere skoalle dêr. Yn 1942 naam er ûntslach en waard er aktyf lid fan de NSB.

Winterhulp

Neffens dochter Anneke kaam har heit út in sosjale húshâlding. Hy waard behelle yn de kollekte foar de Winterhulp. Dizze 'earmehelp' waard yn 1940 oprjochte troch Reichskommissar Seyss-Inquart as propaganda om sjen te litten dat de besetter it goed foar hie mei it Nederlânske folk. It wie in sukses: de earste kollekte brocht in miljoen gûne op.
Brouwers waard adjunkt-direkteur fan de Winterhulp yn Fryslân. De famylje ferhuze nei Ljouwert.
"Hij vertelde me dat hij dacht: 'onze regering en ons koningshuis zijn gevlucht, de Duitsers zijn al twee jaar in het land. Het zal wel zo blijven, dan moet ik er het beste van maken'. Hij zag er helemaal niets kwaadaardigs in. Vanuit sociaal oogpunt is hij voor de Winterhulp gaan werken, hij had zelf ook armoede gekend. Hij heeft nooit slechte dingen gedaan, zoals mensen verraden."
Anneke Koot-Brouwers © Gerko Jonker
Op de dei dat Kanadezen Ljouwert befrijden, waard by de famylje Brouwers oanbelle. "Mijn ouders zouden net aan tafel gaan", fertelt dochter Anneke. "Mijn moeder deed open. 'Waar is jouw man' werd gevraagd. 'Roep hem'.
Beide âlden moasten de strjitte op, mei it gewear yn de nekke. "We stonden te gillen. De BS (Binnenlandse Strijdkrachten, red.) pakte ons als varkens onder de arm. Papa draaide zich om en zei 'van m'n kinderen blijf je af'. Toen werd tegen hem gezegd dat ie zich moest omdraaien. 'Anders schiet ik je dood'."

Ferskriklik lilk

Har heit kaam nei twa jier ynternearring frij. De maatskippij hat syn NSB-lidmaatskip syn frou en bern noch jierren oanrekkene. It bliuwt dreech om de kar dy't har heit makke in plak te jaan. "Zo rond mijn dertigste ben ik zo boos op mijn vader geweest, zo verschrikkelijk boos, omdat hij ons zoveel ellende heeft bezorgd."
Hy stoar doe't se in jier as 35 wie, se hie him noch fan alles freegje wollen.
Hilmer en Jouke Dantuma by it monumint yn Dokkum dat de fusillade betinkt © Gerko Jonker
Nei de april-maaiestaking fan 1943 kaam in kearpunt yn de oarloch. Yn it Ljouwerter Burmaniahûs waarden tal fan oppakte minsken troch de SD heard, mishannele en martele. Sa ek fersetsman Peke Dolstra.
De fytsmakker út Ljouwert waard arrestearre doe't de SD syn namme by in ynfal op in geheime lokaasje fan it ferset fûn. "Hij is verhoord, overdag en 's nachts en werd ook mishandeld", fertelt syn dochter Katharina. Jan Meekhof, ien fan it beruchte fjouwertal, wie dêrby.
"Hij toonde zich in heel zijn optreden een echte sadist die tot alles in staat was", lêst se foar út it ferslach. Dolstra wist te ûntkommen oan syn eksekúsje, mar oer de oarloch hat er noait mear praat.

Wreder

Yn it lêst fan de oarloch waard de besetter hieltyd wreder. Hast 300 fersetsminsken wurde betocht yn it Fries Verzetsmuseum, it grutste part dêrfan waard yn de lêste moannen fan de oarloch om it libben brocht.
"Bij de fanatiekste NSB'ers zie je dat ze aan het einde van de oorlog doorgaan. Of overwinnen of strijdend ten onder gaan, opgeven zit er niet bij", seit Robin te Slaa.
Gerard van der Veer oer de FryslânDOK