Mariska de Vries út Sint Jabik siket donornier: "Ik ben nog maar 34 en alles is weg"

In nije nier, dat is wat Mariska de Vries (34) fan Sint Jabik driuwend nedich hat. Sy is net de iennige nierpasjint mei dizze winsk. De wachtlist foar in donornier telt hast tûzen minsken.
Fan de iene op de oare dei is Mariska swier nierpasjint. Op 24 november 2019 wurdt sy net goed, yn de ambulânse krijt sy in medisyn, wêrtroch se in hertstilstân krijt. Dêrnei folgje ûndersiken mei kontrastfloeistof en dat giet folslein ferkeard.
Har nieren krije in grutte klap. Se funksjonearje noch mar foar tolve persint. Nierdialyze is foar har gjin opsje, want dat kin it hert net oan.
De wachtlijsten zijn zo lang. Het duurt misschien drie jaar. Ik ben bang dat ik die tijd niet meer heb.
De wachtlist foar in donornier is lang, miskien wol te lang foar Mariska. Dêrom hat sy no fia sosjale media in oprop dien om in nier te krijen fan in libbene donor.
Yn har famylje kin gjinien donearje, omdat sy net de goeie bloedgroep hawwe. Har heit soe wol kinne, mar dy hat kanker en kin gjin nier misse.
"De wachtlijsten zijn zo lang. Het duurt misschien drie jaar. Ik ben bang dat ik die tijd niet meer heb", fertelt Mariska. Har libben is ûnwis en plannen meitsje foar de fakânsje kin eins net. "Hoe ga ik dat doen, kan ik iets plannen of niet? Mijn hele leven staat op zijn kop. Je denkt dat je alles voor elkaar hebt. Ik ben nog maar 34 en alles is weg."
Mariska de Vries út Sint Jabik siket in donornier
It tal minsken dat in donornier siket bliuwt tanimmen. Ek is it opfallend dat hieltyd mear jonge minsken op de list stean foar in niertransplantaasje.
Earder hiene wy al it nijs fan Ilja Vermunt dy't troch de sykte fan Berger minne nieren hat. As alles goed giet krijt hy 9 maaie in nije nier. Oer in pear wiken hat Mariska in petear oer hoe't it fierder moat.
Sûne minsken kinne in nier donearje. Yn prinsipe kin it lichem prima funksjonearje op ien nier. De measte donoaren knappe goed op nei de yngreep. In operaasje is lykwols altyd in risiko. Minsken dy't in nier donearje wolle, krije in wiidweidich ûndersyk om te sjen oft sy in goeie sûnens hawwe.
Nije wike snein yn Buro de Vries it besûndere ferhaal fan in nierdonaasje dy't net allinnich foar de ûntfanger, mar ek foar de jouwer as in geskink útpakte.