Feriening pleitet foar it brûken fan in passazjiersysteem yn de brune float

It soe goed wêze as skippen yn de brune float in digitaal systeem brûke om te registrearjen hoefolle passazjiers der oan board binne. Dêr pleitet no ek de BBZ foar, de belangeferiening foar de beropscharterfeart.
Mei de oprop stipet BBZ in inisjatyf fan Rykswettersteat. Mei it systeem moat der better ynsjoch komme yn it tal passazjiers oan board fan skippen. Soks kin fan grut belang wêze yn needgefallen.

Ynformaasje oer it oantal passazjiers kin fan grut belang wêze foar 'Search and Rescue'-operaasjes om minsken te rêden.
Fan belang by kalamiteiten
Dat elektroanysk melden fan de passazjiers en de reis kin fia it fergeze systeem BICS. De gegevens binne handich foar it skiperkear, mar by kalamiteiten dus ek. Dêrom ropt BBZ op om gebrûk te meitsjen fan it systeem.
"Het is nog niet verplicht", seit Paul van Ommen fan BBZ. "Maar dit systeem wint langzaam maar zeker terrein. In de toekomst zou het best eens verplicht kunnen worden." Dat is al it gefal yn guon oare fargebieten yn Europa.
Flugger tagong
"Het lijkt ons een goede toevoeging en we stimuleren graag om er gebruik van te maken. Vanuit veiligheidsoogpunt zien we duidelijk voordelen", jout Van Ommen oan. "Op zee werken ze ook aan een vergelijkbaar systeem, zodat Search and Rescue niet eerst via de rederij hoeft te vragen wat er aan boord is. Dan hebben ze direct toegang."
It digitale wurdt neffens Van Ommen mear en mear ûnderdiel fan it skippersbestean. "Het vergt een extra administratieve handeling voor de schipper. Je moet een account aanmaken met gegevens en vervolgens vertel je per reis hoeveel bemanningsleden en passagiers je aan boord hebt, wat je vertrekhaven is en wat de verwachte bestemming is." Mar it doel stiet foarop: it ferbetterjen fan de feiligens.