Heftruck bedarret op boat yn Prinsetún

Heftruck bedarret op boat yn Prinsetún
In heftruck is yn de nacht fan freed op sneon op in boat yn de Prinsetún bedarre. Twa minsken leine op dat stuit yn de boat te sliepen en binne nei it ûngelok troch omstanners út it wetter helle.
De heftruck is nei achteren fan de heuvel sakke en hat de boat ûnder wetter treaun. Hoe't dat barre koe is noch net bekend.
De truck wie dwaande mei wurksumheden nei it befrijingsfestival. De minsken út de boat binne ûndersocht troch de ambulânse en binne ûnderkuolle rekke. Sy hoechden net nei it sikehús.
De boat en de heftruck sille sneon út it wetter helle wurde.