Stress by leanbedriuwen troch ûnstabyl waar en 'kalinderlânbou'

It binnenheljen fan de earste snee is dizze maaitiid foar in soad boeren en leanwurkers in útdaging, want as it reint, kin de masine wer yn it hok. Op in soad plakken yn Fryslân is noch mar 15 oant 20 persint fan de earste snee ynhelle.
"Wy hiene graach in droegere perioade hawwe wollen, de lêste pear wike", fertelt Anthony Brak fan it leanbedriuw mei deselde namme yn Aldeboarn.
"It wurk begjint no. Wy moatte mais ynsiedzje en je wolle graach de earste snee fan it lân helje. It foarútsjoch fan nije wike is ek net geweldich en dan begjint it geandewei ferfelend te wurden. Dan komt der in hiele dikke earste snee te stean. It meanen wurdt dan in stik dreger."

It ritige waar is neffens Brak ek fan ynfloed op de kwaliteit fan de earste snee. "It hie wol wat drûger wêze mocht. Je krije it lestich drûch oan de bult."
Op dagen mei sinneskynwaar geane de meiwurkers fan it leanbedriuw oant jûns let troch, om safolle mooglik fan de omstannichheden te profitearjen. Op freed moast it wurk lykwols wer folle earder as pland ôfbrutsen wurde, omdat der in soad reinwetter foel.
Foar 1 oktober fan it lân
It op tiid siedzjen fan mais soarget dit jier foar ekstra stress by boeren en leanwurkers, want it ministearje fan Lânbou easket dat de mais foar 1 oktober wer fan it lân helle wurdt.
Brak is net bliid mei dizze saneamde 'kalinderlânbou.' "Mais hat in oantal groeidagen nedich. As je mais rispje as it noch net ryp is, hawwe je kwaliteitsferlies."
Kalinderlânbou
Leanwurker Antonie Brak fan Aldeboarn fynt dat minister fan lânbou Piet Adema dêrom mar it bêste soepel omgean kin mei dy datum, want it waar bepaalt wannear't in boer op it lân oan it wurk kin. "As je kalinderlânbou hawwe wolle, moatte je it waar ek regelje kinne en dat bart fansels net."

Neffens Brak kinne je allinnich mais ynsiedzje as de boeiem 'waarm en drûch' is. "In maispitsje yn kâlde en wiete grûn wol net starte. Je krije dan ek mear lêst fan ûnkrûd, want dat groeit wol." De leanwurker pleitet der dêrom foar dat it ministearje fan lânbou de sektor in pear wike romte jout om goeie maistylt mooglik te meitsjen.