Basketballers fan Aris Ljouwert ferlieze yn de slotfaze fan Landstede

Oan it begjin fan it duel © Omrop Fryslân, Eric Ennema
Aris Ljouwert hat mei 76-80 ferlern fan Landstede Hammers. De basketballers spilen in kwartfinale fan de nasjonale play-offs. It ferlies betsjut dat der snein noch in beslissende wedstriid folget yn Zwolle.
Woansdei wie de earste wedstriid al yn Zwolle, mar freed kaam it Kalverdijkje yn Ljouwert oan bar. De basketballers fan Aris hellen goed út yn de wedstriid.
Aris wûn it earste kwart mei 27-16. By de rêst wie de tuskenstân 40-39, mar oan de ein fan it tredde kwart stie it alwer 61-54. It wie dúdlik dat de Ljouwerters de lieding hiene, mar oan de ein fan it duel gie it mis. Snein wurdt der dus wer spile. De ploech dy't nei trije wedstriden as winner út de bus komt, mei yn de heale finale tsjin ZZ Leiden.