Plysje siket twa jonges foar it deaslaan fan in ein yn Balk

De ein hat de mishanneling net oerlibbe © Facebook, Esther Nagelhout
De plysje yn Balk siket twa jonges dy't fertocht wurde fan it deaslaan fan in ein. De jonges waarden trappearre troch omstanners, mar wisten út te naaien.
De ein siet te brieden op in nêst mei tolve aaien, doe't de jonges woansdeitejûn de fûgel mei stokken oanfoelen. It bist oerlibbe de oanfal net. De plysje nimt de saak heech op en docht in berop op tsjûgen om har te melden. De fertochten binne twa jonges fan sa'n 14 jier âld, mei donkere klean oan.
Ien fan de omstanners dy't de jonges oanspruts is Esther Nagelhout út Balk. Sy wie te kuierjen mei de hûn. "Doe seach ik dat der twa jonges mei stokken yn de struken oan it slaan wiene", fertelt Nagelhout. "Se sloegen mar troch en op in gegeven momint rôle der in ein út dy strúkjes wei. Dy spartele noch, mar gie dea."
Dêrnei draafden de jonges hurd fuort. Nagelhout gie der efteroan, mar koe se net mear te pakken krijen. "Se stapten op de fyts en dan binne se rapper fuort as ik se byhâlde kin, fansels." Se belle de plysje, dy't ek op syk gie nei de jonges, mar sûnder resultaat.
De aaien fan de ein © Facebook, Esther Nagelhout
In oprop fan Nagelhout op Facebook om yn kontakt te kommen mei de jonges of harren âlden, smiet mear as 900 reaksjes op. "Ik bin wol skrokken fan de reaksjes", seit se.
Neffens har giene ferskate reaksjes fierstente fier. "Der binne reaksjes fan 'ik hoopje dat se pakte wurde en deselde straf krije as wat dy ein krige', mar it giet wol oer bern. Guon minsken moatte earst neitinke, foardat se wat op Facebook pleatse."
De tolve aaien yn it einenêst koenen rêden wurde en lizze no yn in broedmasine.