Grutte belangen by NEC - sc Hearrenfean, Friezen wolle tik útdiele oan konkurrint

In krúsjale wedstriid wol hy it treffen mei NEC net neame, mar Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen wit ek dat der sneon yn Nijmegen in soad op it spul stiet. NEC is in direkte konkurrint foar in plak by de earste acht, dus kin Hearrenfean mei in oerwinning goede saken dwaan.
"Er staan best veel ploegen in de buurt van plek acht", seit Van Wonderen. "NEC is daar één van. Deze wedstrijd kan heel belangrijk zijn, maar daarna zijn er nog drie", bêdet de trainer del.
Minne rige
Hearrenfean hat de lêste twa wedstriden ferlern. Yn Rotterdam gie de ploech fan Van Wonderen kânsleas mei 0-4 ûnderút tsjin Sparta. De nederlaach tsjin FC Emmen kaam sa mooglik noch hurde oan. Hearrenfean wie better, mar joech de foarsprong troch in knoffelige tsjingoal út hannen. Yn blessueretiid ferlear Hearrenfean ek noch: 2-3.
"Die nederlaag heeft wel even doorgewerkt, dat is niet prettig", jout Van Wonderen ta. Neffens de trainer is de knop yntusken om. Hearrenfean wurket mei in fierhinne fitte seleksje ta nei de wedstriid tsjin NEC.
Jeffrey Bruma sloech de training fan freed yn it Abe Lenstra Stadion oer om't er wat lêst fan de ljisk hie, mar Van Wonderen ferwachtet dat de ferdigener der yn Nijmegen wol by wêze sil. Dat betsjut dat Hearrenfean allinnich de spilers mist dy't der al in skoft út lizze: Andries Noppert, Sven van Beek, Timo Zaal en Joost van Aken.
Kees van Wonderen oer de wedstriid tsjin NEC
Tsjinstanner NEC hat likefolle punten as Hearrenfean en is dus ek in kânshawwer op in plak yn de play-offs. "Ik denk dat ze een redelijk stabiel seizoen draaien. Ze zijn niet in degradatiegevaar gekomen. Ze hebben ook heel veel gelijkgespeeld, maar ook een aantal goede overwinningen behaald. Maar de laatste weken hebben ze ook wel met grotere cijfers verloren."
De wedstriid NEC - sc Hearrenfean is sneontejûn te folgjen yn in ekstra sportprogramma fan 19.45 oere ôf. Dêryn is ek omtinken foar de wedstriid tusken SC Cambuur en FC Utrecht. Andor Faber fersoarget it kommentaar by dy wedstriid. Arjen Visser hâldt dy op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen yn Nijmegen.
Van Wonderen neamt NEC in "goed voetballende ploeg". Mei Jasper Cillessen hat de klup út Nijmegen de beskikking oer in doelman fan it Nederlânsk alvetal en ek de rest fan it team herberget neffens de Hearrenfeantrainer in protte kwaliteit.
It sil dus in hiele opjefte wurde foar sc Hearrenfean om trije punten te pakken, mar Van Wonderen sil it striidplan net oanpasse op de tsjinstanner.
"Je moet dichtbij jezelf blijven. We hebben een lijn ingezet, waarbij we voetballend wat meer tot kansen komen, ook wat meer goals maken, alleen moeten we zorgen dat we verdedigend stabieler zijn en dat we minder tegengoals tegen krijgen."
Stân earedivyzje
Plak | Klup | Punten | Doelsaldo |
8. | NEC | 38 | +5 |
9. | RKC Waalwijk | 38 | -6 |
10. | sc Hearrenfean | 38 | -9 |
11. | Go Ahead Eagles | 36 | -8 |
Nei de wedstriid tsjin NEC spilet Hearrenfean noch tsjin degradaasjekandidaat Excelsior, heechfleaner PSV en konkurrint Go Ahead Eagles. Om de play-offs foar Europeesk fuotbal te heljen, moat Hearrenfean op syn minst achtste wurde. Op dit stuit stiet de ploech tsiende.