Staking by Philips Drachten takom wike: "Dan moeten ze het maar voelen"

Meiwurkers fan Philips yn Drachten lizze takom wike it wurk del. Der wurdt al fiif moannen harrewarre oer in nije cao: it personiel wol benammen mear lean. Freed rûn in ultimatum fan de fakbûnen ôf en dus folgje der aksjes.
De direksje fan Philips is foar de ein fan it ultimatum it personiel net mear yn 'e mjitte kaam. Dêrom hawwe de fakbûnen aksjes oankundige. Dat jildt ek foar fabriken yn Eindhoven en Best. Yn Nederlân falle sa'n 10.000 meiwurkers ûnder de cao.
Yn Drachten wurde ûnder oare skearapparaten, toskeboarstel-ûnderdielen en poppeguod produsearre. Der wurkje sa'n 1.800 man yn it fabryk.
Mear lean
It giet benammen om mear lean. Philips wol net mear as fiif persint oer hast twa jier jaan. Mar de fakbûnen easkje in leansferheging dy't op syn minst sa heech is as de ynflaasje. Fierder wurde sy it ek noch net iens oer in tal arbeidsbetingsten, bygelyks maatregels om âldere wurknimmers te ûntsjen by ploegetsjinstwurk en in regeling om earder mei it wurk op te hâlden.
De direksje wiist foaral nei de debakel mei de apneu-apparaten en nei finansjele ûnwissens. Philips hat oer de hiele wrâld al 4.000 banen skrast, mar kundige begjin dit jier nochris in ûntslachronde fan 6.000 banen oan.
'Personiel draait op foar malêze'
De fakbûnen binne fan betinken dat Philips in rendearjend bedriuw is, mar dat de direksje mear tinkt oan de oandielhâlders as oan de wurknimmers. It gefoel by har is dat it personiel opdraaie moat foar de malêze.
Wannear't der staakt wurdt en hoe lang, dêr wurdt noch oer praat. De aksjes binne bêst bysûnder foar Philips, want in staking barde foar it lêst yn 2002.
"Philips heeft blijkbaar nog steeds niet door dat het geduld van zijn medewerkers op is. Dan moeten ze het maar voelen", ferklearret CNV-ûnderhanneler Arjan Huizinga.