Ree yn Balk belibbet echte befrijingsdei: brânwacht fisket 'm út De Luts

De brânwacht hat yn Balk in ree út De Luts wei fiske. It bist wie te wetter rekke njonken it Tsjamkedykje, oan de noardkant fan it doarp. De ree koe sels net út it wetter wei komme.
De Balkster brânwacht krige de 'dier te water'-melding om in oere as 9.00 hinne. It berjocht kaam binnen fia it meldpunt 144, dat nûmer kin belle wurde ast in bist yn need sjochst.
De brânwachtlju rieden fluch út, lutsen de ree wer op it drûge en joegen him dêrnei syn frijheid werom yn it efterlizzende greidelân. Op sosjale media krige de brânwacht in soad positive reaksjes op de rêding.