Gjin sprake fan stress by Cambuur foar degradaasjewedstriid tsjin FC Utrecht

SC Cambuur © Orange Pictures
As SC Cambuur sneon net fan FC Utrecht wint, is it offisjeel degradearre nei de earste divyzje. Dochs fernimt trainer Sjors Ultee net dat dat hiel bot libbet yn de spilersgroep.
"In de periode dat het do-or-die-wedstrijden waren, merkte je het wel. Zoals Excelsior-uit en Emmen-thuis. Nu is het gevoel anders", fertelt Ultee in dei foar it duel mei FC Utrecht. De trainer fynt dat syn ploech genietsje moat. "Maar om te genieten moet je keihard werken."
By elts oar resultaat as in oerwinning tsjin Utrecht is Cambuur sneontejûn degradearre. Mochten de Ljouwerters winne, dan is it ôfhinklik fan wat FC Emmen en Excelsior snein dogge. Pakke dy beide ploegen minimaal ien punt, dan is Cambuur dochs noch degradearre.

Schmidt en Bangura werom

Yn ferliking mei de lêste wedstriid tsjin FC Volendam kin Ultee wer beskikke oer oanfierder Alex Bangura en Doke Schmidt. Oft it twatal ek spilet, wol de trainer net sizze. "We gaan een paar dingen veranderen", is it iennige dat Ultee kwyt wol oer de opstelling.
Foar João Virgínia en Robin Maulun jildt dat se harren lêste wedstriid foar Cambuur spile hawwe. Beiden binne blessearre. De fan Everton hierde Virgínia is om dy reden werom nei Ingelân.
Maulun hat in ôfrinnend kontrakt en giet fuort, om't er ta is oan in nije útdaging, hat hy de klup witte litten. Cambuur woe de Frânsman in nij kontrakt jaan.
Silvester van der Water, Maxim Gullit, Jhondly van der Meer en Vincent Pichel binne der fanwege blessueres ek net by sneon. Remco Balk moat it duel mei syn wurkjouwer, Cambuur hiert him fan FC Utrecht, misse fanwege in skorsing.
Trainer Sjors Ultee oer oft syn ploech degradaasjestress hat foar sneon
De wedstriid tsjin FC Utrecht is foar Ultee ek in wersjen mei syn âlde klup. Hy beklaaide der ferskate funksjes. Boppedat waard er der hikke en tein en hat er noch altyd in hûs yn de Domstêd. "Ik vind het vooral bijzonder om in De Galgenwaard te spelen. Daar heb ik tien jaar rondgelopen, dan kom je voor je gevoel echt thuis."
Dat is no oars, fernimt Ultee. "Als ze hier komen, is het leuk omdat je meer mensen kent en ze beter kent dan normaal. Dat geldt voor bijvoorbeeld de materiaalman en de teammanager. En een aantal spelers heb ik nog in de jeugd getraind, zoals Thijmen Nijhuis en Bart Ramselaar."

Johnsen twivelgefal

Oer de opstelling wol Ultee dus noch neat sizze. It is noch net dúdlik oft Bjørn Johnsen of Roberts Uldrikis yn de spits stiet. Dy earste rekke twa wiken lyn blessearre tsjin FC Volendam. Nei eigen sizzen is Johnsen wol aardich fier opknapt, mar oft it genôch is om sneon te starten is noch ôfwachtsjen.
De Noar kin wol wer in doelpunt brûke. Hy skoarde yn syn earste fiif wedstriden trije kear, mar stiet no alwer seis duels drûch. "Ik hie in goeie start mei de earste fiif wedstriden", seit Johnsen. "Dêrnei hiene we dregere wedstriden mei minder kânsen. Ik tink dat ik net iens in skot op goal hân ha tsjin FC Twente en Feyenoord."
Foar spits Bjørn Johnsen kinne it syn lêste wedstriden foar Cambuur wurde
Cambuur spilet noch fjouwer wedstriden dit seizoen en de kâns is grut dat it Johnsen syn lêste wedstriden binne yn it giel-blau. Hy hat in ôfrinnend kontrakt. "Ik tink noch net nei oer de takomst. De wedstriden binne wichtiger en it weromkommen yn it goeie ritme", seit Johnsen.
De klup wol him yn elts gefal hâlde. En Johnsen slút in langer ferbliuw by Cambuur tagelyk net út. "Ik stean iepen foar allegearre opsjes. Ik bin bliid dat se bliid mei my binne. Ik fiel my goed yn Nederlân en myn famylje is ek bliid hjir. Yn juny of july sjogge we nei de opsjes en sjogge we wat der bart."

Yanick van Osch

In spiler dy't Cambuur der takom seizoen graach by hat is Fortuna Sittard-keeper Yanick van Osch. Hy hat in ôfrinnend kontrakt by syn klup en Ultee kent him út Sittard wei. Van Osch wie tongersdei yn Ljouwert foar in petear.
Ultee wol net op syn namme yngean. "We zijn hard bezig met volgend jaar. Je kan de club opnieuw opbouwen met nieuwe spelers. Daar is de keeperssituatie één van."
De mooglike degradaasjewedstriid tusken SC Cambuur en FC Utrecht is sneontejûn live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om kertier foar achten. Dêryn ek in live-ferslach fan de wichtige wedstriid dy't sc Hearrenfean spilet út tsjin NEC. It kommentaar út it Cambuur Stadion wei komt fan Andor Faber en Arjen Visser sit yn De Goffert yn Nijmegen.