Ljouwert liket dûns aardich te ûntspringen, mar Befrijingsfestivals Grins en Zwolle stillein

Yn Zwolle hie it publyk al minder gelok © ANP
It Befrijingsfestival yn Grins wurdt ûntromme en it festival yn Zwolle is tydlik stillein: beide fanwegen it minne waar. Tonger en flink wat delslach jeie de boel yn 'e bulten. Mar Ljouwert liket de dûns aardich te ûntspringen.
"Ik soe wol efkes in ponsjo of paraplu meinimme, want in garânsje foar hielendal drûch waar kin ik net ôfjaan", seit waarman Jan Jonkman. Yn it súdlike part fan de provinsje reint it al.
Jonkman seach tusken de middei de wolken al opboljen út it suden wei. "Der komme buien, mooglik mei tonger en hagel. Mar de grutste kâns dêrop is foar it easten en súdeasten fan de provinsje."

"It is kilometerwurk"

It noardlike en noardweslike part fan Fryslân soe it wolris foar it grutste part drûch hâlde kinne. "Mar it is kilometerwurk, dus wy moatte mar efkes sjen hoe't it him yn de middei ûntwikkelet. Ik tink dat Ljouwert de grutste kâns hat op noch reedlik drûch waar. Yn Zwolle liket it in stik minder te wêzen."

Oare festivals stillein

De organisaasje dêr hat it festival in skoftke stillizze moatten. It befrijingsfeest yn it stedspark fan Grins wurdt op dit stuit ûntromme, om't de brânwacht dêr warskôge foar 'ekstreem min waar.'
In ponsjo mei min waar is noait in ferkeard idee © ANP
Yn Fryslân jildt noch oant 18.00 oere koade giel, it KNMI hat de warskôging jûn fanwegen de tonger, wynstjitten en in soad delslach yn koarte tiid.
Yn de jûn wurdt it wer drûch, fertelt Jonkman. It wurdt dan 9-10 graden en der kin wat dize ûntstean.