Grut alarm oer fûgelgryp: "Wy hâlde ús hert fêst foar wat ús te wachtsjen stiet"

Deade fûgels troch fûgelgryp © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De noed oer in nije fûgelgrypútbraak yn Fryslân is grut. Op guon plakken yn Nederlân binne al in soad deade fûgels oantroffen en it liket in kwestje fan tiid dat dat yn Fryslân ek wer bart. Dat soe in ramp wêze, want de fûgels briede op 't heden yn de koloanjes.
"De fûgelgryp hat eins noait fuort west", seit Jan-Willem Zwart, teamlieder fan de Waddenunit fan it ministearje fan LNV en ek aktyf by de lanlike en Fryske fûgelwurkgroep. "De lêste oardel jier is fûgelgryp gewoan in ûnderdiel wurden fan ek ús Fryske lânskip."
De ûngerêstens oer in nije útbraak is grut en der wurdt dan ek goed byhâlden wêr't sike fûgels binne. Dy binne goed te herkennen, seit Zwart. "Se wurde wat ferswakke, se gean raar draaien mei de nekke en dan ynienen binne se dea."
Foar de populaasjes fan seefûgels op Gryn en Rottum is de situaasje bysûnder driigjend.
Jan-Willem Zwart, teamlieder LNV Waddenunit
Op it stuit binne der, ek hjir yn Fryslân, grutte groepen fûgels dy't tagelyk briede. "Dy sitte byinoar en as dêr ien sike fûgel by komt, dan besmet dy samar in hiele koloanje. Dan is it in kwestje fan in pear dagen en dan gean se dea. Dus wy hâlde ús hert fêst foar wat ús te wachtsjen stiet."
Ferline jier wie der ek fûgelgryp yn de koloanjes. Op Gryn en Rottum giene in soad stirnzen dea, fertelt Zwart. "De libbene jonge pykjes krûpten ûnder dy fûgels wei. It is ferskriklik om te sjen dat dizze seldsume fûgels op dizze manier deagean. En wy kinne net oars as 'lijdzaam' tasjen."
In grypweach is foar de waadpopulaasje fan seekobben en en klikstirnzen bysûnder driigjend, omdat it al bedrige soarten binne.
Jan-Willem Zwart © Omrop Fryslân
De ynstânsjes riede har ta op in útbraak, mar kinne de gryp net tsjinhâlde. "We kinne der neat oan dwaan", seit Zwart. "It iennige wat we deroan dwaan kinne, is dy koloanjes sa gau mooglik opromje en frijmeitsje fan dy deade fûgels, om fierdere besmetting foar te kommen."
Hy fertelt dat der foaral omtinken is foar de feilichheid fan de frijwilligers by it opromjen, want de noed is ek grut dat it fûgelgrypfirus oerslaan kin op sûchbisten. Mocht it firus de koloanjes berikke, dan meie allinnich frijwilligers mei ûnderfining de fûgelkadavers romje.

Fan de fûgels ôfbliuwe

"De wittenskip warskôget ús kontinu om der foarsichtich mei om te gean, want it is oerdraachber op karnivoaren. Dus dat binne hûnen, foksen en fansels ek seehûnen. Dy stap is ek hiel tichteby de mins."
De warskôging foar elkenien is dan ek om foaral fan de fûgels ôf te bliuwen, seit Zwart. "Soargje dat je der net mei yn oanrekking komme."
In klikstirns op Gryn © Omrop Fryslân