HEA! De tûke Dokkumer sjoelers
HEA! De Tûke Gooier
Fol fjoer wurdt der alle woansdeitejûnen sjoeld yn Nieuw Dockaheem yn Dokkum. Sjoelklup 'De tûke goaier' bestiet al hast 40 jier. De measte leden binne tachtigers, oprjochter Rudmer Hoeksma is al 86 jier. En hy is ek nochris de bêste sjoeler.
De goed tweintich leden spylje ferdield oer sân sjoelbakken in kompetysje. Neffens de spilers binne de bakken net allegearre like 'goed', de iene glydt better as de oare. Hoeksma hâldt alle stannen by yn de kompjûter en jout wat lieding oan it gehiel.