Rotte wjukken by grutste mûne fan Fryslân; mûnder no al 'fereale' op nij krús

De mûne fan Burdaard krijt nije wjukken. De âlden binne der sa min oan ta, dat je der samar stikken ôfbrekke kinne.
De wjukken komme út 1986, en it houtwurk is op, seit mûnder Jan Tollenaar. "De houten klepjes breken zo af. Die zijn zo gaar als maar kan. Het stelt allemaal niks meer voor."
De mûne krijt no in kompleet nij krús fan fjouwer wjukken. It metalen frame is makke yn Gelderlân, en it houtwurk wurdt dien yn in loads yn Burdaard.
De buizen fan 24 meter lang passe dêr mar krekt yn, seit mûnebouwer Wieger Jellema. "Faak binne se sa'n 20 meter. Dit meitsje wy net faak mei."