Plysjes lûke wapens by oanhâlding nei bedriging Surhústerfean

Plysjeminsken © ANP
De plysje hat twa minsken oanholden nei in bedriging yn Surhústerfean. Plysjeminsken ha dêr fjoerwapens by brûkt.
Neffens de plysje hiene de fertochten jûns yn Surhústerfean in oantal minsken mei wurden bedrige, en wie ien fan de fertochten letter weromkaam mei in wapen.
Dyselde jûn waard ien fan de fertochten yn in auto sjoen yn De Pein. It gie om in 22-jierrige ynwenner fan Tytsjerksteradiel. By de oanhâlding ha plysjes fjoerwapens op him rjochte, omdat se tochten dat er in wapen ha koe.
De auto en twa wenningen binne trochsocht.
De twadde fertochte waard in dei letter oanholden. Dat giet om in 42-jierrige man út Achtkarspelen. By him is it wapen fûn dat brûkt waard by de bedriging. Dat meldt de plysje.
It gie om in luchtdrukwapen. Dat is yn beslach naam.