Seychelle en Nyck de Vries tegearre nei de top: “Hopelijk is Friesland ook trots op hem"

Seychelle de Vries wie der yn Bachrein by om broer Nyck te stypjen © Instagram Seychelle de Vries
Nyck de Vries hat noch net de seizoensstart yn de Formule 1 dêr't er op hope hie. Wylst de krityk op him grutter wurdt, springt syn sus Seychelle foar him yn 'e bres. "Nyck heeft het niet altijd makkelijk gehad, maar heeft nooit opgegeven."
Twa fjirtjinde plakken, in útfalbeurt yn Australië en in crash yn Azerbeidzjan. De resultaten fan Nyck de Vries yn de keningsklasse fan de autosport binne noch meager. "Nyck heeft tijd nodig", seit syn zus. "Wat kun je nou helemaal verwachten? Hij heeft hiervoor Formule E gereden. Dat zijn elektrische auto's, dat is heel wat anders dan bijvoorbeeld Formule 2 dat qua auto veel dichter bij Formule 1 ligt."

Net op de foargrûn

Hoewol't Seychelle de Vries nau belutsen is by de karriêre fan har broer, siket se selden de publisiteit. "Dit is Nycks ding: ik hoef niet zo nodig op de voorgrond." Maar dat sy en heit Hendrik-Jan in wichtige rol spylje yn syn ûntwikkeling as koereur, is sa dúdlik as wat. Wannear't Nyck de Vries praat oer syn ambysjes en ûnderfinings yn de Formule 1 docht er dat steefêst yn de wy-foarm, dêrmei ferwizend nei syn heit en sus.
"Ik ging altijd mee naar races. Voor mij was dat normaal", seit Seychelle. "Ik had in het kartwereldje vriendjes en vriendinnetjes die hetzelfde leven leidden als wij. Dat was leuk. Ik heb nooit het gevoel gehad dat ik iets heb moeten opgeven. Ik heb altijd mijn eigen ding kunnen doen."
Seychelle en Nyck de Vries oan it posearjen yn de nije merchandise © Nyck de Vries
Ek al siet se sels noait achter it stjoer fan in raceauto, har jeugd stie dochs hielendal yn it ramt fan de autosport. "Ik ben Nycks grootste fan en kijk alles. Maar alleen vanwege Nyck, verder interesseert de autosport me niet."

Spontaan idee

Har ynteresse leit folle mear by moade. Net sa gek dus dat se de driuwende krêft is efter de kleanline fan broer Nyck. In spontaan idee, betocht ûnder in itentsje. "Nyck had net te horen gekregen dat hij voor AlphaTauri in de Formule 1 zou gaan rijden. Om dat te vieren gingen we met een clubje vrienden eten. We waren allemaal zo uitgelaten dat ik dit heel impulsief bedacht."
Hoe spontaan it idee ek ûntstie, fuort wie der ek it besef dat trochpakt wurde moast. "In eerste instantie deed ik het in de avonduren, naast mijn normale werk. Maar dat werd te veel." Dus zei ze haar baan op en vroeg ze Scotch & Soda-oprichter Eric Bijlsma om advies.
Nyck de Vries jout sus Seychelle de frije hân by it runnen fan syn merchandise-line © Nyck de Vries
Yntusken hat Seychelle de Vries in komplete kleanline ûntwurpen. Nyck lit har har gong gean. "Hij geeft om kleding en vindt het belangrijk om er goed uit te zien, maar dit project is van mij. Daarin vertrouwt hij mij volledig."

Pompeblêd

Opfallend is it logo dat alle produkten siert. Yn de kleuren read, wyt, blau, mei in subtile Fryske knypeach. "We wilden graag een pompeblêd in het logo. Die staan ook op Nycks helm en zijn een beetje zijn kenmerk geworden. Het is iets eigens en buitenlanders vinden het fascinerend omdat ze niet precies weten wat het is."
"Nyck is erg trots op zijn Friese komaf. Hopelijk is Friesland ook trots op hem."
De Formule 1-leafhawwers reagearje yn alle gefallen posityf. "We hebben zelfs al orders uit Amerika binnen gekregen. Geweldig om te zien dat Nyck ook daar fans heeft."
Nyck is een harde werker. Die stopt nooit en gaat altijd door. Soms tot het irritante toe.
Seychelle de Vries
Yn alles wat Seychelle fertelt, klinkt troch hoe grutsk oft se is op wat har broer yntusken berikt hat. As gjin oar wit sy hoefolle oft Nyck dwaan en litte moatten hat om de top te berikken. "Nyck is een harde werker. Die stopt nooit en gaat altijd door. Soms tot het irritante toe, maar dat is wel een enorm waardevolle eigenschap."
"Sowieso ben ik ontzettend trots op hem. Hij heeft het niet altijd makkelijk gehad, maar heeft nooit opgegeven. Hij is altijd blijven vechten om de Formule 1 te halen. Wat hij ook doet, hij geeft nooit op en zal altijd het beste uit zichzelf halen."
Nyck de Vries komt dit wykein yn aksje yn Miami, yn de fiifde grand prix fan it seizoen. Freed is om 20.00 oere de earste frije training, om 23.30 oere de twadde. In dei letter is om 18.30 oere de lêste frije training, mei om 22.00 oere de kwalifikaasje.
De race begjint sneintejûn om 21.30 oere op it Miami International Autodrome.