Fan de souder nei it museum: ynsammeldei oarlochserfgoed foar it earst yn Boalsert

Noch hieltyd komme der dokuminten boppe, lykas persoansbewizen en bonneboekjes © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De dei fan it oarlochserfgoed wie dit jier foar it earst yn Boalsert. Minsken dy't op souder noch guod út de Twadde Wrâldoarloch lizzen ha en der wol fan ôf wolle, kinne it dêr kwyt.
De foarwerpen of dokuminten kinne yn oanmerking komme foar de kolleksje fan bygelyks in museum. Mar it giet net allinnich om it skinken fan materiaal, want soms past it net yn in kolleksje. Dan tinke saakkundigen mei oer in oare bestimming.
De dei is benammen bedoeld om minsken bewust te meitsjen fan de histoaryske wearde fan materiaal út de oarloch. Moarns wie it sa drok by kultuerhistoarysk sintrum De Tiid dat minsken yn de rige wachtsje moasten.
De ynsammeldei wie dizze kear yn De Tiid yn Boalsert © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Der binne dus noch hieltyd saken dy't minsken thús lizzen ha. "Mar it wurdt wol elk jier minder", seit Nena Huizinga fan De Tiid. "De minsken fan dy generaasje wurde âlder en der giet in protte fuort. Mar as se fan ús hearre, dan komme se."
Ien fan de nijsgjirrige saken dy't se yn Boalsert binnen krigen, is it itensiedersboekje 'De keuken in oorlogstijd'. Frou Offringa brocht dat yn. Se hie it út in erfenis en fûn it skande om fuort te dwaan.
Frou Offringa brocht in itensier-boekje út oarlochstiid yn © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Marjan Spoelman fan it gemeente-argyf fan Súdwest-Fryslân is der wiis mei. "Ik ha dit nea earder sjoen, it sjocht der geweldich út." Mei tips as hoe'tst mei minder gas siede kinst, is it boekje hast wer by de tiid.
Foar Offringa is it moai dat it ferhaal trochferteld wurde kin. "Dêrom bring ik it hjir, oars wie it miskien by it âld papier bedarre."