Kommissaris Brok by betinking: "Yn Fryslân is de oarloch nea fier fuort"

De deadebetinking yn Akkrum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De ferhalen fan de oarloch binne ûnderdiel fan ús wêzen en hearre by ús identiteit. Dat sei kommissaris fan de Kening Arno Brok by de deadebetinking yn Akkrum tongersdeitejûn. "Yn Fryslân is de oarloch nea fier fuort."
Brok wiisde derop dat de oarlochsjierren har spoaren neilitten ha yn de mienskip en it lânskip. Dêrtroch wurde Friezen mei foarme troch de oarloch, ek elkenien dy't sels gjin oarloch meimakke hat.
De kommissaris hie it spesifyk oer de Twadde Wrâldoarloch. "Yn in soad doarpen en plakken yn it lânskip fine wy de oantinkens oan de besettingstiid."
It oarlochsmonumint yn Akkrum is ûntwurpen troch Ids Willemsma en bestiet út hakekruzen dy't útelkoar lutsen binne © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn totaal binne der 316 offisjele oarlochsmonuminten yn de provinsje. "Elk monumint fertelt in eigen ferhaal en elk ferhaal is fan wearde. Ferhalen dy't net fergetten wurde meie. Der binne hieltyd minder minsken dy't de oarloch sels meimakke ha."

Trije ferhalen

Brok fûn it dêrom ekstra moai dat bern in wichtige rol hienen by de betinking yn Akkrum. Sy leinen blommen by de grêven fan bemanningsleden fan in bommewerper dy't delhelle waard: Robert Orin Blackhall (23 jier), Kenneth Edward Emmons (27) en Albert James Sutton (23) - twa Kanadezen en in Amerikaan - gongen op in basis yn Ingelân de loft yn, mar soenen noait weromkomme.
Fierder waarden yn Akkrum blommen lein by de grêven fan Rienk Kleefstra, Catrienus Eenshuistra en Jan van Dijk. Brok: "Sy wegeren foar de besetter yn Dutslân te te wurkjen, waarden oppakt, deportearre en kamen ûnder grouwélige omstannichheden om."
En ek by it bankje ta neitins oan Paul Marinus van Baerdt van Sminia binne blommen lein. De âld-boargemaster hie fersetsman Sjerp de Vries befrije út in sel yn it gemeentehûs, mar waard ferret en úteinlik fermoarde yn konsintraasjekamp Neuengamme.
Blommen by it bankje ta neitins oan âld-boargemaster Paul Marinus van Baerdt van Sminia © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Trije ferskillende ferhalen, mar se ha mienskiplik dat it giet om minsken dy't opstiene", sei Brok. "Opstiene tsjin ûnrjocht en dêrfoar de heechste priis betellen. Sy meie nea fergetten wurde, krekt as alle oare slachtoffers fan de terreur en ferfolging dy't hjoed betocht wurde."
Hy fertelde dêrby ek dat frede net fanselssprekkend is, ferwizend nei de oarloch yn Oekraïne. "Mar ek op oare plakken yn de wrâld dy't minder yn it nijs komme is der ferfolging en ûnderdrukking. Ek yn eigen lân is der ûnferdraachsumheid en diskriminaasje. Sterker: rasisme en fassisme stekke de kop wer op, ek yn Fryslân."
It is oan ús hoe't wy ús takomst ynkleurje.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Brok hopet dat Friezen har foldwaande bewust binne fan de frijheden. "Wy ha frijheid fan mieningsutering, frijheid fan parse, frijheid fan godstsjinst en in ûnôfhinklik rjochtssysteem, wy ha ferkiezings. Frijheid bringt ferantwurdlikens mei him mei. Dy ferantwurdlikens is fan ús allegear. It is oan ús hoe't wy ús takomst ynkleurje."
En dêrby hopet de kommissaris dat elkenien de ferhalen trochfertellen bliuwt. "Want yn dy ferhalen fine wy de kaai nei ús frijheid en de skoattel op fassisme en rasisme en ûnderdrukking."