Koade giel op Befrijingsdei fanwegen tonger, wynstjitten en mooglik sels hagel

It KNMI hat foar freed yn in grut part fan Nederlân koade giel ôfkundige. De warskôging jildt yn ferbân mei tongerbuien mei wynstjitten kâns op hagel.
De tongerbuien komme yn it hiele lân foar, útsein it Waadgebiet. By de buien binne der wynstjitten mooglik oant 60 kilometer de oere. Dêrnjonken is der in lytse kâns op hagel en kin der yn koarte tiid in soad delslach falle.
Op it Fryske fêstelân jildt koade giel fan 14.00 oant en mei 19.00 oere.