Oekraïners yn Aldtsjerk fine âlde legerweinen 'fantastysk' en ride in stikje mei

Oekraïners op Landgoed De Klinze yn in wein út de Twadde Wrâldoarloch © Omrop Fryslân
Dielnimmers oan de optocht fan Keep them Rolling meitsje harren klear foar befrijingsdei. By De Klinze yn Aldtsjerk kamen de legerweinen út de Twadde Wrâldoarloch ien foar ien binnen. Oekraynske bewenners fan it lângoed stean yn de tún fan harren opfangplak te sjen nei it ymposante materieel.
In grutte 'Duck' komt deroan riden. De ridende wein is ek in boat. Hy koe yn de wein 28 man mei bepakking hâlde. De small wall-tinten dy't yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt waarden, wurde opboud.
"Der binne ek leafhawwers dy't fannacht yn de eigen legerwein sliepe", seit Dirk van der Meulen. As eigener fan Landgoed De Klinze makket hy de tocht mei mooglik.

Ekstra edysje

Gewoanwei is de tocht fan Keep them Rolling eltse fiif jier. Dit jier is der in ekstra 'edysje' en dat hat in reden.
Organisator Jorrit Volkers leit út: "Wy hienen der net op rekkene dat de twa feteranen - dy't der doe by wienen - , dit jier wer komme woene. Sy hawwe beide dit foarjier sein dat se dochs hiel graach nei Fryslân komme woene. Om't sy sa âld binne, hawwe we dochs noch mar in kear grut útpakt."
Oekraïners yn Aldtsjerk fine âlde legerweinen 'fantastysk' en ride in stikje mei
Ien fan de twa feteranen dy't komme soene, Art Boon, is in pear wike lyn ferstoarn. Syn maat Jim Parks komt wol. Hy slút yn de omkriten fan Frjentsjer by de legerweinoptocht oan en rydt in eintsje mei. Art Boon syn soan sil it befrijingsfjoer oanstekke yn Ljouwert.

Utlis oan Oekraïners

No is de situaasje hielendal oars as oars, want der wurde santich Oekraïners opfongen op it lângoed. "Foar ús wie it de grutte fraach hoe't dat útpakke soe. Dêrom hawwe we de eigeners fan De Klinze frege de Oekraïners stadichoan yn 'e kunde komme te litten mei ús befrijingsfeest."
"Elke Oekraïner dy't hjir opfongen wurdt, lizze wy foarsichtich út wat dit foar ús betsjut. Dat dit in kultuerhistoaryske wearde hat. Dat dit weinen binne dy't brûkt binne by de befrijing fan Nederlân. De Oekraïners fine it fantastysk. Se wolle graach in stikje meiride yn de legerweinen."
En yndie, de minsken en bern komme nei bûten om in ritsje te meitsjen yn de grutte wein mei Kanadeeske flagge. Benammen de bern lykje te genietsjen, heiten en memmen meitsje foto's.