Boek oer De Kast: drummer Nico Outhuijse genietet foaral no't er weromsjocht

In monumint fan de Fryske muzyk, sa kin De Kast gerêst neamd wurde. De groep bestiet tritich jier en sjocht oer it skouder yn de foarm fan in boek. Noardewyn sil alle wiken om tafel mei ien fan de bandleden. Drummer Nico Outhuijse trapet de rige ôf.
De Kast begûn ea as coverband yn diskoteken, en groeide letter út ta ien fan de bekendste groepen dy't Fryslân ken. Yntusken giet de band langer as tritich jier mei. En yn trije desennia bart in soad.
Sa ek by De Kast. Muzyksjoernalist Harry de Jong klom yn de pinne en garre de ferhalen. It resultaat is 'Op Eigen Kracht': de earste offisjele biografy fan de groep, dy't yn juny útkomme sil.

Razende dj's

Nico Outhuijse siet fierwei it grutste part achter it drumstel. 22 wie er doe't er Dick Visser ferfong en by De Kast oan de slach gie. "Dêrfoar spile ik wol yn fiif, seis bantsjes tagelyk. Sang, gitaar en drum. Dêr moast ik fan libje. Mar it kaam net folle fierder as in ûnkostefergoeding", wit er noch goed. "In bal gehak by de pomp en it jild wie alwer op."
Dêrnei frege Syb van der Ploeg him by de band. "Doe spilen we noch benammen covers yn diskoteken. Mei dj's dy't troch de nûmers oan it razen wiene. It wie in moaie tiid hear, mar de covers mis ik net, haha."

Gouden greep

It boek ferhellet ûnder mear oer de tiid dat De Kast echte nammebekendheid krige. Dat begûn nei it útbringen fan harren grutte hit 'In nije dei'. "We rieden ris lâns it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean, en rôpen dat ús it geweldich like om ús klip dêr op te nimmen. Guon ferklearren ús foar gek."
Dochs hierden se it ôf. It bliek in masterlike set: "De studioferzje pipet en kreaket. It konsert yn it stadion wie dan ek krúsjaal. Anders geen hit", sa seit Outhuijse, dy't fertelt dat der flink wat risiko oan it beslút kleefde. "De kosten wiene enoarm heech. As it misgean soe, hiene we fallyt west. Mar it gong goed. De rest is skiednis..."
No't ik derop weromsjoch, genietsje ik der mear fan as doe.
De Kast-drummer Nico Outhuijse
Dêrnei kamen de leden yn in sneltrein telâne. It sukses ûnderfûn Outhuijse as in roes. "No't ik derop weromsjoch, genietsje ik der mear fan as doe. "Ast dan bygelyks dy filmkes sjochst yn it Gelredome, net te leauwen."
De Kast op harren jubileumshow yn 2019 © Omrop Fryslân
De rom soarge foar bysûndere situaasjes, fertelt er. "Dan leine der fans út Brabân foar myn hûs. Wachtsjend oant ik nei bûten komme soe. Dan gie ik mar fia de brântrep nei ûnderen."

Tien voor Taal

Ek de tv-programma's kloppen geregeld by de bandleden oan. Mar Outhuijse hold de doar leaver ticht. Yn tsjinstelling ta de oaren. "Dy giene dan nei Triviant, of Tien voor Taal. Ik haw my stikken lake foar de tv. Dat sy dêr wol hinne woene, fûn ik prima. It past allinne net by my, sokke dingen. Ik rjochtsje my leaver op de muzyk."
Nei't De Kast in skoftke opholden wie, kamen de manlju wer byinoar. En dat fielde noflik, seit Outhuijse. "De ferhâldingen binne hiel goed ûnderling. Miskien sels better as dêrfoar. Dat komt tink ik omdat de druk derôf is. Hits scoren interesseert ons niet meer."

Wille ha

"Yn ús drokke perioade hiene we neat te fertellen. Jo moasten oeral mar komme. Dat wie somtiden bêst swier", seit er. "No fyn ik it foaral wichtich om mei in leuke klup minsken te wurkjen." De wille prevalearje boppe de kommersje kostet him de nedige sinten. "Mar", sa seit er, "as ik dêrfan bestean kin, sjoch ik dat krekt as rykdom."

De top 5 fan Nico Outhuijse

Artyst Nûmer
Foo Fighters Learn to Fly
Muse Hysteria
Red Hot Chilli Peppers Californication
Kings of Leon Use Somebody
U2 Beautiful Day