Wat oerbliuwt binne de fleurige kykjes mei in swart rântsje

Dina en Gabriël Boas op de Grote Ossenmarkt © Oud Harlingen
It binne fleurige kykjes mei in swart rântsje. De albums fan de famyljes Boas en Pais. Sûnt in pear moanne hat Arjen Miedema fan Harns se yn syn besit. Syn beppe wie de iennige dy't de oarloch oerlibbe.
De foto-albums litte de famyljes sjen foar en yn it begjin fan de oarloch. Net wittende wat harren boppe de holle hong. Hast alle minsken dy't yn de albums stean, binne fermoarde yn de Twadde Wrâldoarloch.
Arjen Miedema: "Dan zie je daar de hele familie die weggevoerd is"
De Holocaust hat djippe spoaren neilitten, ek yn Harns. Oant 4 maaie fertelt Omrop Fryslân alle dagen in ferhaal oer de Joadske ynwenners fan de Harnzer binnenstêd.
We slute de rige ôf mei de oerbleaune foto-albums fan de famyljes Boas en Pais. Dina en Gabriël Boas wennen mei harren soan Jozeph op it adres Grote Ossenmarkt 16. Op de Kleine Bredeplaats wenne de famylje Pais. Beide famyljes waarden fermoarde troch de nazi's.
By beide adressen lizze tinkstientsjes ta oantinken oan de Joadske ynwenners. Harren nammen binne yn de toplaach fan messing gravearre. De 'stroffelstiennen', want sa hjitte dizze monumintsjes, lizze op mear plakken yn Harns, lykas ek yn oare plakken yn binnen- en bûtenlân.
© omrop fryslân
Arjen Miedema sit mei de foto-albums op 'e skurte. Se komme út de neilittenskip fan syn mem, dy't se wer fan har mem krigen hie. Arjen Miedema syn beppe hat de oarloch oerlibbe omdat se troud wie mei in net-Joad. It stel wenne yn Frjentsjer.
By it lizzen fan de stroffelstienen yn Harns yn 2012 wie it Arjen Miedema dy't de stiennen dellei. Hy konstatearre doe dat it in raar idee is dat, as syn beppe mei in Joadske man troud west wie, hy net bestien hie. "Dan ben je wel even van de kaart." Dat besef wurdt hieltyd grutter by him. No ek mei it sjen nei de foto's yn de albums.
Grote Ossenmarkt 16 © Oud Harlingen
As bern krige Miedema eins net safolle mei fan de dramatyske skiednis fan de famylje. Der waard thús net oer praat. "De oorlog was voorbij en we moeten weer verder, was waarschijnlijk de gedachte."
Dat der gjin 'echte' famylje mear wie, fernamen de bern eins net. Der wie allerhanne famylje yn it lân en dêr giene se faak op besite. Letter waard dúdlik dat dat lotgenoaten wiene. Se hiene in nije 'famylje' krige fan allegearre Joadske minsken dy't de oarloch oerlibbe hiene en dy't harren famyljes ek kwytrekke wiene.
"We gingen naar ooms en tantes, die waren voor ons ook familie. We ontmoetten ze dan als bijvoorbeeld tante Jet en ome Joop."
Yn de albums stean benammen foto's fan de famyljes Boas en Pais. Fan famyljeportretsjes oant foto's yn Volendammer kleandracht. Der stean somtiden lytse ferhaaltsjes by. Dochs hiene se it der net folle oer.
© omrop fryslân
Arjen Miedema: "Myn moeke was der oek een bitsje skrutel over. Ze was erg van 'niet te veel met het hoofd boven het maaiveld' en 'veel in kleine kring'. Ik denk dat ze dat er wel aan overgehouden heeft.
En de oarloch yn Oekraïne hâlde har neffens Miedema ek behoarlik dwaande. "Dat haalde wel wat naar boven."
© omrop fryslân
De tinkstientsjes (stroffelstiennen) binne in insjatyf fan de Dútske keunster Gunter Demnig. Se wurde op oanfraach makke en lein. Sadat wy de grouwèlichheden en de slachtoffers net ferjitte.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Omrop Fryslân hat spesjaal in ferhalerige makke, ûnder de namme Stroffelstiennen.