Frjentsjerter (36) oanholden nei mishanneljen fan aginten

© Shutterstock.com / Nomad_Soul
De plysje hat yn de nacht fan woansdei 3 op tongersdei 4 maaie in man oanhâlden yn Frjentsjer. By in kontrôle ûntstie in fjochtpartij en mishannele de man twa aginten.
It ynsidint hie plak op it Noord tusken twa en trije oer nachts. By kontrôle fan de 31-jierrige bestjoerster fan in auto docht bliken dat sy te folle dronken hie. De byrider, in 36-jierrige Frjentsjerter, wol it stjoer oernimme, mar hat sels ek te folle dronken.
De ynsittenden wienen it der net mei iens dat se mei moasten nei it plysjeburo en sykje de konfrontaasje mei de aginten. By it meinimmen fan de frou nei it buro wurdt de byrider agressyf en grypt er in agint om de nekke. Hy is oanholden en meinommen nei it buro. De belutsen aginten hawwe, sa't altyd dien wurdt by geweld, oanjefte dien fan mishanneling.