Befrijingsfjoer komt fia estafette fan hurdrinners nei Ljouwert

Foar de 26e kear bringe hurddravers fan yn de nacht fan 4 op 5 maaie it befrijingsfjoer fan Wageningen nei Ljouwert ta. It oanstekken fan it fjoer yn alle provinsjes betsjut it begjin fan de befrijingsdei.
"Iets na middernacht krijgen we de vredesvlam overhandigd en lopen we naar Leeuwarden toe", fertelt Hanneke Waterman fan de organisaasje. "En dit jaar is het voor de eerste keer live op tv, om iets na elf uur." Dy útstjoering wurdt fersoarge troch de NOS.
De tocht fan in lytse 200 kilometer wurdt rûn mei meardere minsken. De iene draver nimt it fjoer fan de oare oer. "Ze fietsen 10 minuten in, zijn dan 20 minuten aan het hardlopen en fietsen 10 minuten uit."
Tsjuster en min waar
En sa maklik is dat noch net, want it draven dogge se foar in grut part yn de nacht. "Het is best bijzonder om 's nachts door de bossen te lopen. We willen wel op alles voorbereid zijn, dus we hebben zelfs een klein alarmpje mee voor mogelijke wolven."
It waar liket ek net mei te sitten. Der wurde buien ferwachte, mooglik sels mei tonger. "Dat is niet heel handig. Maar wij lopen gewoon door. Wat mensen in de oorlog moesten meemaken is verschrikkelijk, dus een beetje regen kan ons niet deren."
Bysûndere skiednis
Der is op de rûte nei Ljouwert ek omtinken foar plakken dy't in bysûndere skiednis hawwe. Sa wurde op njoggentjin plakken wite stiennen lein, lykas by in droppingsplak by Haskerhoarne.

Freed wurdt it fjoer yn Ljouwert oanstutsen yn oanwêzichheid fan in feteraan dy't belutsen wie by de befrijing fan Fryslân. "We vinden het prachtig dat Jim Parks en de zoon van zijn maat Art Boon er zijn. Die gaan mee naar het Oldehoofsterkerkhof, waar één van onze hardlopers de vlam aan de burgemeester zal overhandigen."