Makkumers rêden Joaden troch Dútsers iel en drank te jaan

Jenny Vonk-van den Berg by it oarlochsmonumint yn Makkum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Alle jierren komt Jenny Vonk-van den Berg út Frankryk werom nei Makkum foar de Deadebetinking mei in spesjaal gefoel. Har heit Tijmen en omke Aart hienen in ielrikkerij en in fabrykje dêr't fisk yn blikjes dien waard. It wie in dekmantel foar it ferset, oant se ferret waarden.
Jenny en har sân bruorren en susters hawwe neat heard oer de dieden fan har heit yn de oarloch. Hy woe der net oer fertelle. Yn Makkum stiet sûnt 1980 in fersetsmonumint. Dêr stiet op: 'Yn de bruorren Aart en Tijmen van den Berg earet Makkum al syn fersetshelden'.
Jenny Vonk oer har heit en omke
Troch al dy jierren de Deadebetinkings yn Makkum by te wenjen, is Jenny mear te witten kaam oer wat har heit dien hat. "As der Dútsers kamen, joech er se fette iel en sterke drank. Dan waarden se smoardronken en koene de Joaden meitsje dat se fuortkamen."
De minsken yn Makkum hawwe it earst mooglik wat fertocht fûn, tinkt Jenny: "Se tochten miskien: 'Hy praat sa goed Dútsk. Miskien stiet er oan harren kant.' Mar al gau kamen se der achter dat dat net sa wie."
It oarlochsmonumint yn Makkum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn it konservenfabryk wiene ek in soad Joaden. Miskien wiene se oan it helpen. Jenny wit it net krekt. Har heit prate net oer wat der bard wie.
Op 7 april 1945 gie it mis. De Dútsers diene in ynfal yn de ielrikkerij. Sân minsken waarden deasketten. Jenny har heit waard oppakt. Hy hat ien nacht fêstsitten, leaut se. Lykas in soad dingen, is se dêr net wis fan.
Hy wie gjin fersetsheld, sa fûn har heit sels, fertelt Jenny: "Hy woe gjin publisiteit." Achterôf fynt se it spitich, mar sa wie er. "Ik bin bliid dat der no noch sa'n soad oer him praat wurdt en dat er dy oandacht kriget. Dat hat er fertsjinne."
Jenny Vonk