Fertochten oanhâlden foar oerfal op fideoteek Snits

In oanhâlding © Plysje
De plysje hat nei tips twa fertochten oanhâlden foar in oerfal op in fideoteek yn Snits. It giet om in man fan 22 jier en in minderjierrige jonge. Se komme út Snits en Wommels.
De twa besochten in pear moanne ferlyn de fideoteek oan de Nauwe Noorderhorne te oerfallen. Se hiene bivakmutsen op en bedrigen de meiwurker mei in lang ding. Uteinlik slagge it de meiwurker de twa nei bûten te wurkjen.
De oerfal op de Videokring wie al yn febrewaris. Omdat it de plysje earst net slagge fertochten te finen, binne kamerabylden dield. De twa oanhâldenen wurde offisjeel fertocht fan 'besykjen fan in oerfal'.