"Yad Vashem-ûnderskieding foar famylje De Roo is ek foar it doarp Blije"

De postume Israëlyske Yad Vashem-ûnderskieding foar Jan en Alie de Roo moat eins ek sjoen wurde as in ûnderskieding foar it hiele doarp Blije. Omkesizzer fan Jan en Alie de Roo, Ruurd Verbeek, sei dat woansdei by syn tankwurd foar de ûnderskieding út namme fan de famylje.
"Yn Jan en Alie wurde foar myn gefoel ek de oare minsken út it doarp eare dy't itselde dien hawwe. Mar net elts kin sa'n ûnderskieding krije, omdat je dêr tsjûgeferklearrings foar nedich hawwe en in soad tsjûgen libje net mear."
"Hast eltsenien yn it komplot"
Verbeek hat it eardere smokkelbern Bennie de Goede - yn oarlochstiid Karel - holpen by it ûndersyk nei syn ferline. Verbeek sammele ek de tsjûgeferklearrings dy't nedich binne om in Yad Vashem-ûnderskieding oanfreegje te kinnen.
"De ûndergrûnse yn it doarp wie sa breed. Ik fûn it hiel bysûnder om dat te ûntdekken. De dûmny, de dûmnysfrou, de skoaljuf, de húsarts; eins siet hast eltsenien yn it komplot. As de dûmny om help frege, waard net faak 'nee' sein."
Der sieten ek mear ûnderdûkers yn it doarp. Elk wie op syn iepenst as der lânwachters troch it doarp fytsten, mar der is neffens Verbeek yn Blije net ien ûnderdûker omkommen troch ferried.
Ruurd Verbeek oer de Yad Vashem-ûnderskieding foar syn omke en muoike De Roo
Mar ek yn in kristlik doarp yn it noarden fan Fryslân wie it yn hûs nimmen fan in joads jonkje net sûnder gefaar, ûnderskriuwt Verbeek. "Der wiene razzia's en hûsynfallen en der hawwe ek by de famylje De Roo in pear gefaarlike situaasjes west."
Sa waard De Roo in kear troch Dútsers kontrolearre doe't er mei hynder en in pear lytse jonges yn de wein ûnderweis wie nei it lân. Hy moast fertelle hoe't de jonges yn syn wein hieten en fan wa't dy wiene. "Jan de Roo sei doe: 'Kareltje is mijn zoon'. De Dútser antwurde: 'Dat kin ik wol sjen, hy liket sprekkend op syn heit'." Jan de Roo fûn it prachtich en fertelde it ferhaal graach troch.
Bennie de Goede wenne yn de oarloch as 'Karel' yn Blije
In oar spannend momint wie doe't lytse Karel foar hûs yn de boks it wurd 'rotmoffen' sei doe't in Dútske soldaat foarby rûn. Verbeek: "Muoike Alie is doe gau nei bûten rûn en sei dat Kareltje wat oars bedoelde. Mar gefaarlik wie it wol."
Dreame yn it Frysk
De 'neven' Ruurd en Bennie hawwe noch hieltyd alle wiken kontakt. "As wy appe of belje, dan wol hy ek graach dat ik dat yn it Frysk doch. Nei al dy jierren praat er noch aardich goed Frysk. Hy dreamt ek wolris yn it Frysk en dan wol er de taal wer even hearre."
Bennie de Goede komt geregeld yn Fryslân. Woansdeitemoarn reizge er mei de famylje nei Blije om fjouwer pakesizzers sjen te litten wêr't er yn de oarlochsjierren wenne. Ek seach er even by it grêf fan 'heit en mem'. "Dat is het enige jammere van vandaag, dat zij dit zelf niet meer mee kunnen maken."
Njonken Jan en Alie de Roo krigen woansdei noch fjouwer oare echtpearen postúm de Yad Vashem-ûnderskieding fan de steat Israël foar it ûnderdûke litten fan joadske boargers yn de Twadde Wrâldoarloch.