Aris wint lang om let wer ris en begjint sa goed oan Nederlânske play-offs

Kristinn Palsson fan Aris yn duel mei Duja Dukan fan Landstede Hammers © Orange Pictures
De basketballers fan Aris Ljouwert witte wer wat winne is. Yn de earste wedstriid fan de Nederlânske play-offs waard mei 98-101 wûn fan Landstede Hammers út Zwolle.
Yn it earste kwart gie it lykop. It grutste part fan de tiid hie Aris in lytse foarsprong, mar oan de ein fan it kwart draaiden de Landstede Hammers it om en stie der 25-21 op it skoareboerd. It twadde kwart ferrûn foar Aris in stik better. De Ljouwerters kamen sels efkes mei tsien punten ferskil foar. By it skoft wie it 47-55.

Aris oerlibbet Zwolske oanfal

Aris koe de foarsprong yn it tredde kwart yn earste ynstânsje goed ferdigenje. De Landstede Hammers kamen werom oant fjouwer punten, mar Aris sloech dy oanfal ôf en rûn by it ein fan it kwart wer út nei 73-81.
De Landstede Hammers namen yn it lêste part fan de wedstriid mear risiko's. De ploech út Zwolle kaam werom oant trije punten, mar Aris hold stân: 98-101.
Topskoarer oan de side fan Aris wie Keevan Veinot mei 23 punten. Shaquille Doorson spile ek in sterke wedstriid. Hy wie goed foar 19 punten.
Freed is de return yn Ljouwert. Mocht Landstede dy wedstriid winne, dan folget op snein in beslissingswedstriid yn Zwolle. As Aris wint, dan spilet it yn de heale finale om de Nederlânske titel tsjin ZZ Leiden.