Museum Harns krijt topstik Frans Hals fan Rijksmuseum, direkteur 'apetrots'

Fragmint út Houliksportret fan Isaac Massa en Beatrix van der Laen fan Frans Hals © Rijksmuseum
It Hannemahûs yn Harns kriget in Frans Hals yn brûklien. It skilderij mei in dûbeldportret fan Isaac Massa en Beatrix van der Laan hinget gewoanlik yn it Rijksmuseum yn Amsterdam. Fan 't simmer komt it nei it gemeentemuseum yn Harns.
Direkteur Hugo ter Avest fan it Hannemahûs is "apetrots". Hy fynt it "heel bijzonder dat een betrekkelijk klein museum als het onze zo'n belangrijk schilderij mag huisvesten."
It skilderij is der kaam troch in gearwurking mei it Rijksmuseum. Tolve musea krije tydlik in topstik fan it Rijksmuseum yn hûs. Se moatte it dan kombinearje mei in topstik út de eigen kolleksje.

Houliksbokaal Harnzer echtpear

Foar it Hannemanhûs is dat eigen topstik in houliksbokaal út 1691 fan it Harnzer echtpear Dirk Sikkes en Pietje Jacobs Braam.
It houliksportret dat nei Harns komt, hinget gewoanwei yn de earegallerij fan it Rijksmuseum, yn delselde romte as De Nachtwacht fan Rembrandt.
Dat it Rijksmuseum in skilderij fan Frans Hals útlient, is op himsels al bysûnder, fynt direkteur Ter Avest. Begjin jierren '90 hat der in útstalling west yn it Frans Halsmuseum yn Haarlem mei wurken fan de skilder. Dêr hat dit skilderij ek hongen. Doe't de eksposysje fierder reizgje nei Washington, siet dit doek der net by. Nei alle gedachten woene se it net sa lang kwyt, tinkt Ter Avest.
Frans Hals heart by de fjouwer wichtichste skilders fan de santjinde iuw: Rembrandt, Vermeer, Frans Hals en Jan Steen. Doe stie de Nederlânske skilderkeunst oan de top yn Europa.