Fan festivals oant feteranen: besjoch hjir wat der hjoed te dwaan is yn Fryslân

Bevrijdingsfestival Ljouwert 2022 © Lucas Kemper
Yn alle rêst de frijheid fiere of springe op de beats by de Aldehou. Hjirûnder inkelde tips om fan 5 maaie in spesjale dei te meitsjen. En hoe sit it eins mei it waar: reinklean of koarte broek?

1. Bevrijdingsfestival Ljouwert

Dyjingen dy't har ûnderdompelje wolle yn it feest, kinne fansels terjochte op Bevrijdingsfestival Ljouwert. Op ferskate lokaasjes yn de stêd fine festiviteiten plak.
Fresku is ien fan haadacts yn Ljouwert © ANP
Op it haadpoadium op it Aldehoustertsjerkhôf trapet de lanlike ambassadeur Tabitha it festival ôf. Nei har pakke dêr ûnder oare Fresku, S10, en de Fryske ambassadeur Boaz de mikrofoan op. Der binne yn Ljouwert noch fiif oare muzykpoadia.
Mar der is mear te dwaan yn ús haadstêd. Sa is der neffens de tradysje Feteranedei. Dy fynt foar de twadde kear plak op it Saailân. Op it plein stiet op 5 maaie in grutte tinte en ferskate legerweinen. De Fryske feteranen hawwe dizze dei alle romte om harren ferhalen fan eartiids te dielen.
Studinten fan de oplieding Mediafoarmjouwing fan ROC Friese Poort toane harren frijheidsportretten op it earste plein fan de Blokhúspoarte. Foar passanten steane hjir sawol foto's as skilderijen klear. Mei harren wurken litte de studinten sjen hoe't gelok der foar harren útsjocht.
Bernefestival
Bern kinne harren enerzjy ek kwyt yn Ljouwert. Yn de Prinsetún wachtet nammentlik it grutste bernefestival fan de fjirtjin befrijingsfestivals fan it lân.
Ferline jier luts it Bevrijdingsfestival Ljouwert sa'n 95.000 besikers.

2. Feteranen, fjoer en foodtrucks

Lykas yn Ljouwert binne der ek yn Dokkum legerweinen te spotten. Feriening Keep Them Rolling soarget foar in parade fan fjirtich militêre weinen. Jim Parks sil dêrby yn it middelpunt stean. Parks is in feteraan út Kanada.
Jim Parks © Canadian Liberators
Fierder arrivearret de ringroep Dokkum dizze dei mei it befrijingsfjoer. Ut Wageningen wei, dêr't it fredesakkoart tekene waard, komme sy kuierjend mei it fjoer nei de Merk yn Dokkum. Dêr sille sy feestlik ûnthelle wurde troch de oanwêzigen.
By de foodtrucks kinne besikers ite en drinke. Fierder sit in karikaturist klear mei syn potlead en fersoarget Oud Dokkum dizze dei in presintaasje.

3. Vijf Mei Rede Geert Mak

Elke Befrijingsdei is Doarpstsjerke Huzum it dekôr foar de 5 maaie Rede. Lykas wenst wurdt dy fersoarge troch in promininte Nederlanner. Dit kear is it de beurt oan skriuwer en histoarikus Geert Mak. Syn lêzing draacht de titel 'De goede oorlog'.
Geert Mak fersoarget in lêzing yn Huzum © LEO Middelsé, Douwe Talma
It Ensemble Rossignol lit nei it skoft frijheidslieten hearre. Healwei it konsert sil Peter de Haan, foarsitter fan Doarptsjerke Huzum, stilstean by wat der yn de Twadde Wrâldoarloch bard is.
De lêzing is fergees te besykjen, mar in frijwillige bydrage wurdt op priis steld. De lêzing set om 16.00 oere útein. Opjaan kin fia de kontaktgegevens op de site fan Doarpstsjerke Huzum.

4. Muzyk oer de grins

Festivalgongers út it easten fan Fryslân kinne der ek noch foar kieze om 'frjemd te gean' yn Assen en Grins. Want ek dêr komme artysten fan namme op Befrijingsdei.
In greep út de nammen yn Grins: The Opposites, Froukje, Merol, Jammah Tammah, en Prins S. en de Geit. De trije poadia binne te finen op de eardere drafbaan yn it Stadspark.
Waylon treedt op yn Assen © ANP
Dan Assen. Dit Befrijingsfestival makke de ôfrûne jierren flinke stappen. Ek dit jier ferwachtet de organisaasje topdrokte. De artysten dy't dêrfoar soargje moatte, binne ûnder oare 10 CC, Waylon, Maan, Jannes en Meau. Sy steane op de mainstage by de Baggelhuizerplas.
Danceleafhawwers kinne har melde by De Bonte Wever, bluesfans by de Base Blues Stage, en sa binne der noch in pear poadia yn Assen. Besjoch hjir it folsleine programma.

5. Nei de ponsjo's komt de sinne

De fyfde tip is it meinimmen fan reinklean. Want oeral yn de provinsje stean ús dizze dei buien te wachtsjen, fertelt Omrop-waarfrou Tjitske Wiebenga.
Festivalgongers dogge der ferstannich oan om in ponsjo mei te nimmen © ANP
"Dizze buien komme nei alle gedachten tusken 12.00 en 15.00 oere. Foar elkenien dy't nei festivals giet: nim dus foaral in ponsjo mei", advisearret Wiebenga, dy't der oan taheakket dat tonger net útsletten is, dêrom hat it KNMI ek koade giel ôfjûn foar 14.00 oant en mei 19.00 oere.
"Oer de temperatueren ha we minder te kleien. Dy skommelje tusken de 15 en 18 graden. Under de buien sil it wat sakje nei sa'n 12 à 13." Yn de jûn lûke de buien wer fuort en skynt de sinne oer in frij Fryslân.