Plysjegeweld ôfrûne jierren tanaam: "Wy sjogge dat de mienskip feroaret"

Der waard faker geweld brûkt © ANP
De plysje yn Nederlân hat ferline jier faker geweld tapast as it jier dêrfoar. Dat docht bliken út sifers dy't de plysje woansdei publisearre. It barde ûnder oare troch de ynset fan in wapenstôk, fjoerwapen of oare foarmen fan fysyk geweld.
Yn Noard-Nederlân barde it 2.351 kear dat de plysje geweld brûkte by yn totaal 1.576 ynsidinten. Yn 2019 gie it bygelyks noch om 1.478 tapassings fan geweld by 916 ynsidinten.

Polarisaasje

"Je sjogge dat it tal ynsidinten bêst wol tanaam is de ôfrûne jierren", seit plysjewurdfierder Thijs Damstra yn in reaksje op de sifers. "Dat is bygelyks te ferklearjen trochdat wy sokke situaasjes faker en better registrearje. Mar it komt ek troch de tanimming fan it tal geweldsynsidinten, wêrby't de polarisaasje yn de maatskippij in wichtige rol spilet."
Plysjewurdfierder Thijs Damstra © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Damstra jout oan dat de plysje it leafst sa min mooglik geweld brûkt, mar net twivelet wannear't it dochs nedich is. "We sjogge dat de mienskip feroaret. Dat twingt ús om hoeden om te gean mei de ynset fan geweld. Dat begjint mei de ynset fan de wapenstôk en giet dan hieltyd fierder yn dy geweldsspiraal omheech as it nedich is. Mar leaver dogge wy dat net fansels."

Stroomstjitwapen

Dochs ûntkomt de plysje der neffens Damstra somtiden net oan om geweld te brûken. "It kin dan bygelyks gean om fjochtpartijen yn it útgeanslibben of bepaalde demonstraasjes dy't út de hân rinne."
"Wannear't wy yn dy situaasjes geweld brûke, wolle wy de ympakt dêrfan sa folle as mooglik beheine", seit Damstra. "We ha it ôfrûne jier bygelyks ek de beskikking krigen oer in stroomstjitwapen en it docht bliken dat yn trije kwart fan de gefallen dêrmei driigje al foldwaande is."
In stroomstjitwapen © ANP
Yn it rapport fan de plysje stiet ek dat it tal klachten oer geweld troch de plysje mear as ferdûbele is yn de ôfrûne jierren. Fan 40 klachten yn 2019 nei 88 yn 2022. Dat is in gruttere stiging as de stiging fan it tal ynsidinten.
"Der kinne wol trije of fjouwer klachten oer ien ynsidint komme", leit Damstra út. "Bygelyks in grutte fjochtpartij wêrby't meardere kollega's geweld brûke moatte om de boel yn 'e hân te krijen. Dan komme der miskien wol tsien klachten oer it plysjeoptreden, mar giet it noch altyd om mar ien ynsidint."

Leare fan it ferline

De wurdfierder fertelt ek wêrom't de plysje sels mei sifers komt oangeande it brûken fan geweld. "Wy stelle ússels de fraach: 'wêrom ha we it sa dien en wat kinne we dêrfan leare?' Sa hoopje wy it yn de takomst altyd better te dwaan."