Fakbûnen stelle ultimatum oan Philips: betters cao-foarstellen, oars folgje stakings

Fabryk fan Philips yn Drachten © ANP
De fakbûnen hawwe in ultimatum steld oan Philips om mei bettere foarstellen te kommen foar in nije cao. Komme dy foarstellen der net, dan folgje stakings, sa warskôget fakbûn CNV Vakmensen. It elektroanikabedriuw hat ûnder mear in fêstiging yn Drachten.
Der wurdt al fiif moannen ûnderhannele oer in nije cao, mar oant no ta noch sûnder resultaat.

Sliepapneukwestje

Der is benammen ûnienichheid oer de fraach yn hoefier de meiwurkers fan Philips foar de gefolgen fan de sliepapneukwestje opdraaie moatte. It elektroanikabedriuw moast miljoenen fan sokke apparaatsjes weromroppe om't se gefaarlike gebrekken fertoanden.
Der komt al in reorganisaasje binnen it bedriuw wêrtroch't 1.900 arbeidsplakken ferlern geane. De fakbûnen fine dat dy besparring, yn kombinaasje mei de stiging fan 14 persint fan it oandiel fan Philips foldwaande wêze moatte soe om de finansjele klap fan de weromropaksje op te fangen.
De fakbûnen freegje in leansferheging dy't like heech is as de ynflaasje. Philips biedt lykwols mar 3 oant 5 persint.