Snitser wyk ûngerêst oer fermiste en mishannele katten: "Komt-ie nog terug?"

De katten gean om seis oere nei binnen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Is der in kattehater aktyf, freget de Snitser wyk Harinxmaland him ôf. Nei in lêste slachtoffer gienen de bewenners sels op ûndersyk. Se skrokken.
Mear as sechstich katten binne fermist, ferdronken of mishannele yn in perioade fan seis jier. Katten bliuwe no jûns meast binnen.
Heike Engbrenghof mist ek har kat. De ûngerêstheid is grut yn de wyk, fernimt se. "Je blijft toch denken: waar blijft mijn kat. Komt-ie nog terug? En voor jonge gezinnen met kleine kinderen is het heel verdrietig. Maar ook heel angstig wat de dader gaat doen. Het wordt steeds sadistischer hoe die met de beesten omgaat. Waar stopt dit?"

Mishannele kat

Koartlyn troffen se in mishannele kat dea oan by in boarterstún mei bern. "Dat was de aanleiding voor een aantal dames met een plan van aanpak te komen", seit Engbrenghof. "Toen hebben we zelf onderzoek gedaan, omdat de politie in eerste instantie niets kon doen voor ons. We zijn van deur tot deur gegaan met z'n allen. Daar kwam uit dat er 66, misschien wel 67 katten worden vermist of zijn verdronken. Daar zijn we van geschrokken."
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Sûnt 2021 soenen der 35 katten fermist, ferdronken of mishannele wêze. Sûnt 2017 dus 66. Der binne de lêste tiid relatyf minder insidinten. Se tinke dat se troch om elkoar te tinken en it bekend te meitsjen, it de dieder foarearst ûnmooglik meitsje om ta te slaan.