Yad Vashem-ûnderskieding foar fjouwer Fryske echtpearen, wat betsjut dat?

Yad Vashem-monumint yn Israel © ANP
Fjouwer Fryske echtpearen krije, mei ek noch in echtpear út Amersfoort, woansdei de Yad Vashem-ûnderskieding. Dat is de heechste ûnderskieding dy't it Israelyske regear takent oan net-Joaden. Mar wat hâldt Yad Vashem krekt yn?
Persoanen dy't de ûnderskieding ûntfange, krije offisjeel de titel 'Rjochtfeardige fan de Folkeren'. Yn Nederlân hawwe tusken 1953 en 2022 haast 6.000 minsken de ûnderskieding krige. Oer de hiele wrâld binne it goed 28.000. By de ûnderskieding hearre in medalje en in oarkonde. De Yad Vashem-ûnderskieding kin ek postúm takend wurde.
Om ien yn oanmerking komme te litten foar de ûnderskieding moat in wiidweidige oanfraach en proseduere ôfwurke wurde. Dokuminten fan bewiis moatte nei Israel opstjoerd wurde. Tink dêrby om brieven en deiboeken. Dêr wurde se troch de ôfôfhinklike organisaasje Yad Vashem en histoarisy wiidweidich ûndersocht.

Diplomaten

De ûnderskieding is bedoeld foar minsken dy't faak mei gefaar foar eigen libben Joadske minsken holpen hawwe yn de oarloch. "Dat kan zijn dat iemand onderduikers heeft gehuisvest, identiteitsbewijzen heeft vervalst of stiekem meer bonkaarten heeft weten te regelen voor een huis met onderduikers, noem maar op", seit André Diepenbroek fan de Israelyske ambassade.

De fiif echtpearen

Namme Wenplak
Hendrik en Akke Woudstra Ie
Wieger en Hendrikje Terpstra Ie
Barteld en Maaike van der Werff Wergea
Jan en Aaltje de Roo Blije
Johannes en Catharina de Roon Amersfoort
As de oanfraach goedkard wurdt, folget erkenning troch de steat Israel, leit Diepenbroek út. "Daarom moet de medaille ook altijd worden uitgereikt door een diplomaat. Die verdeling is bewust zo gedaan, Yad Vashem is een onafhankelijke organisatie en bij het bepalen van de erkenning spelen daarom geen andere belangen mee."

50 yn it jier

De lêste jierren is der taname te sjen yn it tal útrikte ûnderskiedingen. Neffens histoarisy is dat benammen it gefolch fan it groeiend tal minsken dat op syk is nei harren famyljeskiednis. Troch de digitalisearring fan argiven is it boppedat makliker wurden om famyljebannen te finen. Diepenbroek: "We doen nu zo'n vijftig uitreikingen per jaar. Dat heeft echt een enorm hoge vlucht genomen in de afgelopen 20 jaar."
Sibe Bruning en syn frou Ruurdje krigen yn 2017 postúm de Yad Vashem-ûnderskieding © Omrop Fryslân
De fiif echtpearen dy't yn Ljouwert de ûnderskieding krije, binne al yn 2018 en 2019 oanwiisd as 'Rjochtfeardige ûnder de Folkeren'. Dochs krije se no pas de byhearrende ûnderskieding. "Dat komt heel kortgezegd door corona", seit Diepenbroek. "We hebben toen nog wel een aantal uitreikingen gedaan bij mensen die bijvoorbeeld ernstig ziek waren, in de voor- of achtertuin."

Joaden nei Fryslân

Trcch de coronatiid is it tal útrikkingen ek aardich oprûn. "Dat is wel pijnlijk want intussen zijn ook mensen en familieleden overleden. Daarom zijn we heel blij dat het nu weer kan", seit Diepenbroek.
Yad Vashem-ûnderskieding foar fjouwer Fryske echtpearen, wat betsjut dat?
Yad Vashem is in organisaasje yn Israel dy't slachtoffers fan de Shoah (holocaust) betinkt. Letterlik betsjut it: Tinkteken en namme.
De organisaasje waard oprjochte yn 1953 troch it Israelyske parlemint. Yn Jeruzalem hat it in grut diel fan de Mount of Remembrance yn hannen dêr't ferskate musea, monuminten en edukaasjesintra sitte.
Yad Vashem hat ek in tal databases oer de Shoah, ek fan de minsken dy't in ûnderskieding krigen hawwe.
Neffens it Frysk Fersetsmuseum dûke sawat 3.000 Joaden ûnder yn Fryslân. Dat is 10 prosint fan alle Joadske ûnderdûkers yn Nederlân. In grut tal fan harren krige help fan it ferset, in lyts diel fûn op eigen inisjatyf ûnderdak. Yn ferhalen fan ûnderskiedingen yn oare provinsjes komt Fryslân faak werom, fernimt ek Diepenbroek. "Er waren inderdaad veel Joden die vanuit het hele land naar Friesland vluchtten."
De famylje fan de ûnderskieden persoanen krijt in medalje en in oarkonde. De namme wurdt beitele yn in stien of der wurdt in beam plante yn in Yad Vashem-park yn Israel. Dêrneist sille de ferhalen opnaam wurde yn it online-argyf fan Yad Vahem yn Jeruzalem.

Ien tsjûge yn Ljouwert

Woansdei is ien persoan oanwêzich dy't sels belutsen wie by wat der bard is. Bennie de Goede wie fiif jier doe't er opfongen waard troch de famylje De Roo út Blije. Syn heit wie al oppakt foardat er berne wie. Bennie en syn Hongaarske mem waarden letter fêstnaam.
Troch in freon yn it ferset wist de mem te ûntkommen en waard Bennie ûnderbrocht by de famylje De Roo yn Fryslân. It echtpear yn Blije hie sels gjin bern. Se brochten Bennie grut as wie er harren eigen soan. Nei de oarloch gie Bennie werom nei syn biologyske mem. Nei dy tiid kaam er geregeld werom by syn Fryske rêders.