De toan fan Froukje Sijtsma: "Parsefrijheid ûnder fjoer"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"It is hjoed de ynternasjonale dei fan de parsefrijheid. De Feriende Naasjes en UNESCO hawwe de World Press Freedom Day yn 1993 ynsteld.
Al 30 jier is it in dei dêr't stilstien wurdt by fermoarde sjoernalisten, mar ek solidariteit frege wurdt foar ferslachjouwers dy't yn 'e sel sitte of op in oare wize harren wurk net yn frijheid útfiere kinne.
It is spitigernôch net fanselssprekkend datst as sjoernalist alles mar sizze en skriuwe kinst. Ek yn in lân as Nederlân stiet it frije wurd hieltyd mear ûnder druk. Foarich jier waard bekend dat Nederlân yn de ynternasjonale parsefrijheidsyndeks 22 plakken omleechgien wie. Skrikbarend, sa stelde de Nederlandse Vereniging voor Journalisten.
Oer in totaal fan 180 lannen sakke Nederlân oer it jier 2021 fan plak 6 nei plak 28 yn dy ranglist. Skandinavyske lannen skoare better. Noarwegen is it lân mei de grutste parsefrijheid, Denemarken stiet op plak twa en Sweden op trije. Hjoed, op 3 maaie, sil bekendmakke wurde hoe't Nederlân en al dy oare lannen it yn 2022 dien hawwe.
It enoarme ôfnimmen fan de parsefrijheid yn 2021 yn Nederlân hat fansels te krijen mei de moard op misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries. Mar ek oare saken hawwe meispile, lykas de situaasje mei in Grinzer sjoernalist dy't in bom troch syn brievebus krigen hie, en in parsefotograaf yn Gelderlân dy't mei auto en al yn in greppel smiten waard. Ek it gegeven dat de NOS hieltyd faker sûnder logo's op harren buskes op ferslach giet, wurdt as soarchwekkend ûnderfûn.
Neffens sjoernalistefakbûn NVJ set dizze tendins troch. Sy sjogge in earnstige tanimming fan slimme ynsidinten yn de ôfrûne twa jier. Wêr't se harren ek soargen oer meitsje, is dat froulike sjoernalisten minder feilich wurkje kinne as harren manlike kollega's. En ek misdiedreporters rinne hieltyd mear risiko's by it ferslach dwaan oer organisearre misdied.
Ferslachjouwers fan regionale en lanlike media folgje trainingen by PersVeilig. Dêr krije se tips hoe't se harren wurk feiliger dwaan kinne en leare se hoe't se mei risiko's en agressy omgean kinne. As ferhalemakker mei in sjoernalistike eftergrûn meitsje ik my dêr grutte soargen om. Want as sjoernalisten net feilich wurkje kinne en nijsmedia mûledea makke wurde, dan kinne wy dêrnei ek wol oppakke mei ús demokrasy.
In soad Nederlanners sette de lêste jierren hieltyd mear fraachtekens by it wurkjen fan ús demokrasy en de etyk binnen ús polityk bestel. En dat is ek logysk sjoen de enoarme gefolgen fan grutte fraachstikken dêr't lanlike, mar ek mondiale bestjoerders oplossingen foar fine moatte. Dochs is just de sjoernalistyk nedich om de demokrasy skerp te hâlden.
Idealiter kontrolearje sjoernalisten de polityk, ynformearje se de mienskip en folgje ûntwikkelingen op de foet. Ut ûndersiken blykt lykwols dat boargers hieltyd minder fertrouwen hawwe yn de polityk, mar ek op sjoernalistike publikaasjes wurdt behoarlik delsjoen.
Ik sil net bewearje dat der yn de sjoernalistyk gjin flaters makke wurde. Mar geweld tsjin sjoernalisten liket my net de oplossing. Ik winskje dat Nederlân wer yn de top 10 fan de parsefrijheidsyndeks bedarret.
Dé oplossing dêrfoar haw ik net, mar ik kin wol wat sjoernalistike feardichheden meijaan oan de 17 miljoen sjoernalisten yn Nederlân: stel wat faker in fraach, besykje dy ris yn te libjen yn de situaasje fan in oar. En kom mei in ûnderboud ferhaal dêr't de polityk en sjoernalistyk wat mei kin.
Mei ús allen witte en kinne we mear. En soks giet krekt wat makliker yn in fatsoenlik debat as mei it besoargjen fan brievebusbommen of it yn greppels triuwen fan auto's."