Hillie de Jong is mei seis bern en in drok sosjaal libben hielendal op har plak yn Kanada

Se wennet al hast 30 jier yn Kanada, dochs fielt Hillie de Jong (52) har noch sa Frysk as wat. "It sit yn myn bloed."
Doe't De Jong 22 wie, ferhuze se tegearre mei har man Tjerk nei Kanada. Tjerk koe wurk krije op in bargebedriuw. "Dat wylst Tjerk eins ierappelboer wie. Dus it wie in hiel nij begjin", fertelt De Jong.
Sels krige se al gau wurk yn de thússoarch. Nei in dreech begjin, want it gemis fan thús foel dochs wol swier, fûnen se harren draai. It bedriuw fan Tjerk groeide nei 450 bargen en de húshâlding sels waard ek grutter. De twa krigen yn totaal seis bern: fjouwer dochters en twa soannen.

Yntusken hâldt Tjerk him mei wat oars dwaande. Hy fersoarget kremaasjes fan húsbisten: fan hûnen en katten oant hynders en kij. Dêrnjonken ha se der hûnnekennels by. As harren baaskes op fakânsje gean of foar wat oars fuort moatte, dan bringe se de hûnen nei kennel.
De húshâlding fermakket him dêrmei wol. De jonges wenje noch thús, de dochters binne it hûs al út. Yn har frije tiid docht De Jong graach ris in wyntsje by freondinnen of in kaartspultsje.

"Earst wennen we 30 kilometer út it doarp wei", fertelt De Jong. "No noch mar trije. Dat makket it sosjale libben wat makliker. No kin Tjerk ek ris mei de motor fuort. We sitte no moai oan de grutte dyk."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Nettsjinsteande it drokke sosjale libben yn Kanada, is De Jong Fryslân noch net fergetten. Yn de húshâlding wurdt noch hieltyd Frysk praat, al is it mei de bern faak in mjukstaaltsje mei it Ingelsk.
De bern kinne it ek wol aardich: se witte alle goede wurden yn it Frysk, mar as mem lilk wurdt, dan giet it ek yn it Frysk. Dat begripe se dan hielendal.
De bern begripe it Frysk lykwols goed. "Se kinne it ek wol aardich: se witte alle goede wurden yn it Frysk, mar as mem lilk wurdt, dan giet it ek yn it Frysk. Dat begripe se dan hielendal."
See
Ien kear yn it jier besiket de húshâlding nei Fryslân ta te gean. Want der is wol in Nederlânsk winkeltsje dêr't dropkes en kroketsjes te krijen binne, mar De Jong mist de see en de seedyk wol gauris. "Wy wenje midden yn Northern Alberts, dêr is hielendal gjin wetter. En we hawwe hiele lange winters. Dat hie om my ek wol oars mochten."