Nel wie de grutte leafde fan Simon Leijdesdorff, mar ek syn rêding

Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje Leijdesdorff fan Voorstraat 75
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan Simon en Nel Leijdesdorff fan de Voorstraat.
Op 15 novimber 1939, net lang foar't de besetter ús lân binnenfalt, slagget Simon Leijdesdorff foar it 'Middenstandsdiploma Algemene Handelskennis.' Hy is fan doel de juweliersaak fan syn heit oan de Voorstraat oer te nimmen.
As jongfeint komt er yn 'e kunde mei Pietje ('Nel') van Zon, dy't learares hantwurkjen is oan de fakskoalle foar famkes yn Harns. Sy is net Joadsk, mar kristlik. Dat is foar it pear net in beletsel, want op 22 april 1937 trouwe sy.
Simon is lid fan tennisferiening Ready, hy spilet op it heechste nivo yn Fryslân en wurdt sels bestjoerslid fan de klup.
Op 16 maart 1943 falt in befel fan de 'Zentralstelle für jüdische Auswanderung' (Sintraal buro foar Joadske emigraasje) op 'e matte. Binnen in pear wiken moatte sy Harns ferlitte. Yn Amsterdam krije sy in hûs tawiisd, dêr kin Simon oan it wurk as boekhâlder.
Simon en Nel binne mar wat aktyf yn Amsterdam. Nel set har yn om it libben fan Joadske kunde te rêden en makket diel út fan de Trouw-groep, dy't yllegaal in krante ferspriedt. Sy jouwe ûnderdak oan alve Joadske ûnderdûkers.
Nel ruilet horloazjes en sieraden út de winkel om oan iten te kommen. Foar har fersetswurk sil Nel yn 1984 de Yad Vashem-ûnderskieding krije.

De iennige dy't it oerlibbe

Tsjin de ein fan de oarloch wurdt Simon twa kear oppakt foar transport, mar Nel krijt him beide kearen wer mei. Hy is de iennige stjerdragende Joad út Harns dy't net deportearre is en dy't de oarloch oerlibbe. Dat kaam troch syn 'mingde' houlik.
Op 13 jannewaris 2002 ferstjert Simon yn Amstelveen, hy is 89 jier âld wurden.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.