Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: 'Spjalt'

It tsiende gedicht fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma hjit 'Spjalt'. Yn Dútslân binne de lêste kearnsintrales sletten. Hoe wolle wy oan stroom komme? De diskusje oer enerzjy giet oer miljeu en duorsumens, mar ek oer feiligens. Beide kanten tagelyk op sjen, lykas de Stiennen Man, falt net ta.
Spjalt
Nee, wy binne net lulk leave
wy binne it iens
oer dy gekke Dútsers
ruilje skjinne stroom foar
smoarge problemen
yn dyn takomst
wy binne it iens
oer dy gekke Dútsers
ruilje skjinne stroom foar
smoarge problemen
yn dyn takomst
Wy binne net bang leave
net as it wetter komt
yn dyn takomst
dan kinsto al lang swimme
earst noch lekker yn bad
net as it wetter komt
yn dyn takomst
dan kinsto al lang swimme
earst noch lekker yn bad
No binne we wurch leave
wurch fan it tinken
oer dyn takomst
al dy marren
al dy beammen
al dy dammen
dy't der komme moatte
de enerzjy dy't ús dat kostet
wurch fan it tinken
oer dyn takomst
al dy marren
al dy beammen
al dy dammen
dy't der komme moatte
de enerzjy dy't ús dat kostet
Mar lekker koese pop
moarn wer in moaie dei.
moarn wer in moaie dei.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl. Sigrid Kingma is de tredde Dichter fan Fryslân. De earste wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn wurk de Gysbert Japicxpriis krige en dêrnei wie Nyk de Vries de Dichter fan Fryslân.