Frou De Jong-Bril is nei 75 jier werom op it plak dêr't se yn de oarloch ferrieden waard

Mirja Dé de Jong-Bril © Omrop Fryslân
De ynformaasje oer it ûnderdûkersplak oan de Nijstêd 135 yn Ljouwert wurdt hieltyd grutter. Ferline jier waard by in ferbouwing it plak ûntdutsen en Tresoar makket in film oer de bewenners. Mirja Dé de Jong-Bril is ien fan harren en oerlibbe yn Ljouwert de oarloch.
De Jong-Bril is trettjin jier as sy yn 1941 op it plak komt te wenjen. Har mem is troud mei Wolf Salomon, in hanneler dy't al yn it pân yn Ljouwert ûnderdûkt sit. De jonge Mirja libbet der in relatyf rêstich libben, oant har famylje ferrieden wurdt.
"Ik was op dat moment niet thuis," seit De Jong-Bril, dy't no 95 jier is. "Ik was aan het werk op kantoor en werd gebeld door de buurman. Die zei dat ik niet thuis mocht komen na het werk."
Se ferlit har wurk, mar sjocht wol thús om te sjen hoe't it mei har famylje is. "Toen zag ik mijn moeder weggedragen worden door twee Duitsers. Ik ben vertrokken en bij een oom in Amsterdam terechtgekomen. Ik kon nergens naartoe. Iemand van 13 die ineens op straat staat, dat was ondenkbaar."
Mirja Dé de Jong-Bril sjocht wer by it ûnderdûkplak yn Ljouwert dêr't se ferrieden waard:
Joadske frou sjocht wer by ûnderdûkplak yn Ljouwert
De famylje fan frou De Jong-Bril is nei alle gedachten ferrieden troch de buorlju dy't derboppe wenje. "Dêr binne wy fansels net wis fan", seit ûndersiker Gosse Beerda fan Tresoar. "Mar dy famylje stie bekend om de kontakten mei de Dútsers. De kâns is dus grut dat it earne út dy hoeke kommen is."

Mirja wurdt socht

De Dútsers binne op syk nei Mirja en slute har mem op yn de Blokhúspoarte. Om't Mirja net te finen is, komt mem nei fjouwer wiken wer frij. Dy hellet har dochter wer op yn Amsterdam.
"We zijn toen terug naar Leeuwarden gegaan en hebben daar tot het eind van de oorlog geleefd. We hebben een fijne tijd gehad, maar het gevaar lag altijd op de loer."

Tresoar makket film

Histoarysk sintrum Tresoar makket in film oer De Jong-Bril en it libben yn it hûs oan de Nijstêd 135. Ferline jier waard in ûnderdûkersplak ûntdutsen by in ferbouwing en sûnt dy tiid komme de ferhalen nei boppen.
Joaden en fersetsminsken ha de oarloch trochbrocht yn it pân. "Wy wolle mei dit ferhaal ek wer sjen litte wat it is om yn frijheid te libjen", seit Otto Kuipers. Hy is as ûndersiker belutsen by Tresoar. "Minsken moatte harren realisearje dat it net samar wat is. Mirja wie alle dagen tige benaud dat sy fûn waard en alle gefolgen dêrfan. Dêr moatte wy dizze perioade dochs wer efkes by stilstean."
Foar de film hat Tresoar frou De Jong-Bril wer meinommen nei it hûs. Besjoch dy fideo hjir: